oade oan de ferteller

 

Peter Vermaat is moannedichter fan Septimber by RIXT. Oade oan de ferteller is  syn earste moannegedicht. Lês en harkje ek by Omrop Fryslân.

Foto: Geart Tigchelaar

 

oade oan de ferteller

                                           foar mindert wijnstra

hy makket floeiber wat sûnt jierren stjurre
weismiten is yn ’t jiskefet fan ’e tiid
hy kin de seefroulju noch libje litte
wit wêr’t de duvel dûnset yn it tsjuster

op it hynder set troch in âlde samler
nimt er dy mei nei ’t bosk fan de ferbylding
dêr’t it kweade wiif fan hylpen sels feroaret
ljocht sjocht er, mar it skuorret mei de sjamme

hikke en tein yn in doarp joech de heide
trelit mei boskwachters mykjend gewear
dêr leit de berte fan in grut ferteller

as master wist er eltsenien te foarmjen
liet er bern dreame fisk en kij foarby
no bringt de loft tebeksetters en soargen

De geast en de beam

‘De geast en de beam’ is Cornelis van der Wal syn twadde moannegedicht fan augustus.

Foto: Geart Tigchelaar

 

De geast en de beam

In âld hûs, in beam stiet der neist.
Hy hat dêr wenne yn syn dreamen.
No, lykwols, waait de noardewyn

en heukeret er yn tinne klean.
Faaks is er dea, hy wit neat.
Sil it hûs ek sûnder him bestean?

Blau hinget de dei boppe de wolkens, 
myn griene hier befriest.
In sykjende wikel twifelet

tusken myn wynbrauwen.
Ik bin de beam, fruchten en fûgels
rûgelje fan myn tûken.

De woartels krûpe stadich ûnder it hûs,
skuorren lûke troch de âlde muorren.
De geast wol graach werom nei syn heit.

Dichterskollektyf RIXT – ‘De bui’

Yn ‘e wike fan 1 oant en mei 7 augustus siet Dichterskollektyf RIXT yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde op ‘e Feanhoop. Alle dagen kaam der in twatal del om oan in strofe te wurkjen, om sa mienskiplik in gedicht te skriuwen.

Dichter fan ‘e moanne Cornelis van der Wal hie de eare om de earste strofe te skriuwen, dat er begjinne liet mei de rigel: ‘De bui nimt de mar net.’, ôfkomstich út Rink van der Velde syn roman ‘De nacht fan Belse Madam’ (1991). Sa joech in Rigel fan Rink de toan en rjochting fan it fers en dêrmei de hiele wike oan.

Alle dagen belle Omrop Fryslân mei it oanwêzige twatal om te hearren hoe’t it gedicht him ûntjoech. As ôfsluter waard it gedicht op 8 augustus de jûns yn syn gehiel foarlêzen mei in smoute gearsit yn it eardere stamkafee fan Van der Velde, nammentlik Marktzicht te Drachten.

De dielnimmende dichters wienen:

Cornelis van der Wal
Janneke Spoelstra
Rein de Lange
Kate Schlingemann
Edwin de Groot
Anne Heegstra
Simen de Jong
Tialda Hoogeveen
Carla van der Zwaag
Ypie Bakker
Tsjisse Hettema
Syds Wiersma
Dirk Geerdink
Yva Hokwarda
Jan Kooistra

Ynlieding ynsprutsen troch Geart Tigchelaar
‘De bui’ ynsprutsen troch Cornelis van der Wal
Filmke makke troch Geart Tigchelaar

De ynbrekker fan glês

Cornelis van der Wal is dichter fan de moanne augustus by RIXT. De ynbrekker fan glês is syn earste moannegedicht.

Foto: Geart Tigchelaar
De ynbrekker fan glês

Hy kin de keamer net mear fine, faaks is er de kaai
yn syn holle kwyt. Sinne stekt de nekke fan de ynbrekker
troch dûbeld glês.

Skiep weidzje op ’e seedyk, skiere wolkens driuwe derboppe,
de ynbrekker flechtet foar de sinne, stikken glês prisma yn syn eagen.

De mankelike wyn gûlt om de mêsten hinne yn ’e haven fan Hylpen,
de ynbrekker is in iisbrekker. Los binne de skossen fan ’e simmer.
Elektryske stoarm yn histoarysk waarglês.

De plysje slút de ynbrekker wiisprater op yn in skurf sniedoaske.
Skodzje mar ta.

Astrid

Poëzij fan Martsje de Jong.

Foto: Martsje de Jong
Foto: Martsje de Jong
Astrid

Ik sykje dy op Södergård,
dûnsjend yn it dôve hurdfjoer dêr’t 
de rook fan yn myn holle krûpt,
kreakjend yn de houten flierren
dy’t fûleindich splinters troch myn sokken skowe.

Ik sykje dy yn it beammehôf,
priuwend fan swietripe morellen
dêr’tst it sicht op hân ha moatst
achter dyn skriuwtafel, by it rút.

Do bist de âlde iik
Longerjend op ranja út dyn holle stamme
lis ik myn ear tsjin de bast te lústerjen,
flústerjend om dy net te steuren

Yn it grutte ledikant dream ik
dyn kinnen yn myn kinnen.
Oan in paraplu spring ik fan it ferfallen skuorke
wylst in nachtfûgel lûhûhûd jout
en hastich fuortwjukket oer tsjuster nôtfjild
as er fernimt dat ik yn him muzefange wol.

De bui [dei 7]

Fan 1 oant en mei 7 augustus sit Dichterskollektyf RIXT op ’e Feanhoop yn de Skriuwersarke fan Rink van der Velde. Alle dagen komt der in twatal del om oan in strofe te wurkjen dat nei sân dagen in folslein gedicht wurdt.

Hjoed wienen dat Yva Hokwerda en Jan Kooistra.

Yn augustus is Cornelis van der Wal Dichter fan de moanne. Hy hat it spit dêrôf biten troch de earste strofe te skriuwen. As ‘Rigel fan Rink’ is der keazen foar: ‘De mar nimt de bui net.’ Dy rigel komt út de roman De nacht fan Belse madam (1991) en jout daliks de toan en rjochting fan it fers en dêrmei de hiele wike oan.

Foto: Geart Tigchelaar
De bui

De mar nimt de bui net
en do joust gjin antwurd.
Boppe ús beiden driuwe
wolken dy’t gûle wolle.

Under ús de feanbrân,
dyn eagen doarmje ôf.
Ik freegje it reid om ried.
It rommelet yn ’e fierte.

Faaks moat ik wei fan dy.
Lit de mar de mar en skûlet
in skjin rekest yn falleien fan omfierrens wei
dêr’t tonger rôlet mei in oare stim

as dy dêr’t ik my fan benearje lit.
Wol ik it fjoer beswarre
wylst it yn myn wêzen ferankere leit,
of spjalt it hjit de stobbe sisterjend?

Leafst my noch haw ik dy frege
dyn swijen is it antwurd dat myn siel ferbalderet
it wjerljocht twingt in brekline ôf
en kliuwt de mar klinysk yn gaos.

Witwêrsanne wolket loft.
Ik wol net langer as in rider
op blak wetter rûntsjedraaie
wachtsjend op in weach fan dy
lit ik alles achter. Lottere is it klear
foar my. De mar nimt de bui net
mar do hast my mar te nimmen.

Hiest my mar naam. Do bluister-flarde,
ik triuw ús ielstikeljen no ôf. In wetterjuffer
riert de himelhûd oer de plûmpe oan.
It lûd fan de kloet laket. Ik haw ús sjoen.

Ik seach dyn eagen neat mear freegjen,
ik seach de marren dy’t net nimme.
Ik skriuw wer ljochttaal út blakstil,
wit dat ik mei swarte swannen driuwe sil.