mei it muzyk mei

Henk Nijp is ien fan de fiif dichters dy’t belutsen binne by Kariljon en Poëzy, dat op freed 8 juny 2018 plakfine sil. Nijp wurket gear mei de komponist Feike van der Zee. Hjir de link nei it evenemint Kariljon en Poëzy.

mei it muzyk mei

as melodyen langer net te binnensjitte
eagen almar taaste yn it tsjuster
tinnitus de trommelfluezen teistert
wolsto dan myn tamboer-mêtre wêze
dan rinne wy mei hege knibbels op ‘e pas
oer de binnenpaden fan Metusalim

nim my by de fearten del
dêr’t wy fisken, swommen
sinne sûnder erch ús rêgen skroeide
dêr’t wy einenêsten rôven yn’e reiden
wiete sokken tsjin ‘e hikke kletsten
skrokken fan stampfee yn ‘e greide

fan swierwaar op neare jûnen
it knetterjende koper fan de flits
dêrnei donkere dreunen fan ‘e trom
safolle tellen eangst, stadich tichter by
oaremoarns ferwaaide nêsten yn ‘e wâl
lichte toan fan slakkespoaren op ’t beton

stap do wer as in stoaterske hoanne
jou kordaat de mjitte oan
smyt de stêf nochris heechop
sadat er skitteret yn ‘e sinne
tikje ik de tingels op ‘e triangel
as soene wy de taptoe rinne

© Henk Nijp

 

Gysbert X

It dichtersduo Tsjisse Hettema en Aafje Bouwer hat in Stellingwerfs fers skreaun by in nij stik fan komponist Pieter Bakker. Komposysje mei gedicht sille kommende freedtejûn op it Hofplein yn Ljouwert útfierd wurde, as ûnderdiel fan it evenemint Kariljon en Poëzy. Pieter Bakker syn stik is ynspirearre op it Moarnliet fan de Fryske dichter Gysbert Japicx (1603-1666). It Moarnliet brocht it duo Hettema/Bouwer by it folgjende gedicht oer Gysbert X, dy’t neffens it duo ‘noch altyd yn de Fryske literatuer omdoarmet en net wit wêr’t er no eins thús heart.’ Hjir de link nei it evenemint Kariljon en Poëzy.

Gysbert X

het gien tied
om een kompesisie
van zien warkelikhied
op riespepier te zetten

zien kepotte hatte
slaot te pletter op ‘e kliffen
waor as popsongs overhenne
flatten

hi’j raekt de grond
mit zien duuster wezen

hi’j het een penne en een stemme
en een roerloze aangst om dat te delen
drieft de tonen van zien liet
een duvelspakt
hoger

skaekelt zien leven
op naor een dissonant
dat ‘m in weer wat aanders wil douwen
een wegmaekt labyrint

uut die tied verleuren
drieft zien piene
omhogens
en slaot weer daele
in oonze tied

waor heurt hi’j thuus
master X (2x)

© Tsjisse Hettema en Aafje Bouwer

Jetze de Vries dichter fan ‘e moanne juny 2018

Jetze de Vries fan Harns is de Dichter fan de moanne juny 2018. Klik hjir foar eardere gedichten fan Jetze de Vries op RIXT. Jetze wie ien fan de dichters dy’t te gast wie by Noardewyn Live op Omrop Fryslân. Ynkoarten publisearje wy syn earste moannegedicht fan juny.

Jetze is ek ien fan de earste Fryske barteliers . ‘Bartelje’ is poëzij, slam, ymprovisaasje, entertainment en muzyk tagelyk. De bartelier kriget in ûnderwerp oanrikt en moat dêr nei tweintich sekonden betinktiid wat oer sjonge, op rym en op in bekende melody. It is in âlde en populêre Baskyske keunstfoarm, de bertolaritza. Sunt koart wurdt besocht om in Fryske fariant te yntrodusearjen. Jetze is ien fan de dichters/performers dy’t him der oan weaget.

It folk fan Rixt

By gelegenheid fan it omdopen fan Dichters fan Fryslân ta dichterskollektyf RIXT skreau Bartle Laverman it folgjende fers.

IT FOLK FAN RIXT

Wij soene krekt
oan it sop
Seamus, Joseph en ik
doe’t Peter van Lier
yn ‘e doar stie mei
der stiet in bus fol
Folk fan Rixt
fan Folkertsma Tours
foar de Trochreed
ûnderweis nei it Lân fan Taal
en no fansels it paad bjuster

Taal is goddomme hiemleas
sei Joseph suver grimmitich
se moatte mar yn harren fersen wenje
of oare tiny houses
de heechste tiid
om de Hauk los te litten
o ja, de Hauk bearde ik
ik wenne ea oan de Houkesleat!
mar dat wie foar myn disgenoaten
te onnoazel
om te begripen

Benijd nei wat
Heiddegger
hjir fan sizze soe
gnyske Peter like oerstallich

Doe’t de bus
efterstefoaren
de tiid wer yn ried
hearden wij yn de bjirm
in kabouter skellen:
Rop. Rop. Rop.

Foar RIXT

Yn ‘e wike nei’t wy de namme RIXT foar ús kollektyf keazen hiene, stjoerde Piter Yedema ( 20 april 2018) it folgjende gedicht yn. It wie bedoeld foar de dei dat RIXT online gie, skreau er. Safier is it no. Yn neitins oan Piter. Dat wy dichtsje meie en ús talint net foar it lêst bewarje.

FOAR RIXT

Skriuw en sy is it dy’t it lêst
alles kin ien samar oergean
Hat it allegear foar goed west?

Dichtsje dan en sis it sil bestean
bewarje it bêste net as lêst
Sij sil it mooglik net ferstean

© Piter Yedema