Kariljon en Poëzy

8 juny 2018
Hofplein, Ljouwert
19.30 oere

Muzyk en poëzy fan Fryske grûn. Fiif komponisten ha nij wurk foar it kariljon/de beierd skreaun. Fiif Fryske dichters reägearje yn lûd en wurd. Beierdmuzyk en dichtkeunst yn it Frysk, Bildts en Stellingwarfs komme op 8 juny byinoar op it Hofplein yn Ljouwert. Harkje dan nei it âldste muzykynstrumint fan Ljouwert en hear wat de dichters der bybringe.

Dielnimmende komponisten en dichters:

Cees Hiep + Cornelis van der Wal (Frysk)
Joop Visser + Hein Jaap Hilarides (Bildts)
Hoite Pruiksma + Aggie van der Meer (Frysk)
Pieter Bakker + Tsjisse Hettema/Aafje Bouwer (Stellingwarfs)
Feike van der Zee + Henk Nijp (Frysk)

Kariljon en Poëzy is in projekt fan CityProms, Afûk en RIXT, nei in idee fan komponist Feike van der Zee.

Hjir folget it beierdgedicht fan Aggie van der Meer

WACHTSJE…..

Wachtsje….
wat jo hearre
dyn earen streaket
is foar jo
foar dy

Is in jefte…..
in lûd dat sjongen is
betsjoenen is
rynsk is
Treast en lok

Nûget dy te dûnsjen
omearmet dy
flústeret de leafste namme
jout dy de wurden
foar it liet fan dyn langsten

Net ferjitte…..
it heugen fan wat wie
gelok wie
skrinende ferealens
dat bliuwt, bliuwt

Wachtsje……
wat jo fiele
de treastende triennen
fertelle it ferhaal fan de dea
stille tsjûge

Altyd wer
Altyd wer

© Aggie van der Meer

Iepening Frijlân

18 april 2018
Frijlân, Boksumerdyk, Ljouwert
11.00 oere

Frijlân is in nij ekologysk ynisjatyf fan in groep froulju dy’t oars libje, wenje, buorkje en túnkje wolle. De gemeente Ljouwert hat de froulju in pleats mei in grut hiem beskikber steld. Frijlân leit yn de Swettepolder eastlik fan de Boksumerdaam, ûnder de reek fan Ljouwert. De froulju wenje der selsfoarsjennend yn tiny houses: yurts en in finsk kotta. Sjoch: https://www.facebook.com/Frijlan/

Op 18 maaie waard Frijlân iepene. RIXT wie frege om der mei in groepke dichters op te treden en fersen yn de geast fan Frijlan te skriuwen en foar te dragen. De oanwêzige dichters wiene Geart Tigchelaar, Jetze de Vries, Syds Wiersma en Piter Yedema.

Piter Yedema hie spesjaal foar de iepening fan Frijlân it gedicht Fûgeltsjelân skreaun. Jo kinne it hjirûnder lêze. It waard Piter syn lêste optreden. Middeis op ‘e fyts werom nei hûs waard er troffen troch in hertstilstân. Hy stoar twa dagen letter yn it MCL yn Ljouwert. In tebeksetter foar de Fryske literatuer en ek foar ús kollektyf. Piter wie tige aktyf en belutsen by ús plannen en ien fan ús produktyfste dichters. Op woansdeitejûn 25 maaie ha wy mei in pear dichters fan RIXT in tribút oan Piter brocht mei in optreden by Iepen Up Live yn Neushoorn.

Fûgeltsjelân

Wreedste moanne is April
Oer de wjuk giet in âldhij
fier klinkt syn twiit tin en skril

Oantins en ferlangen komme frij
út deade grûn in winter lang
De earmoed langer skylk foarby

Doe klonk folút har fûgelsang
Nij libben krijt it ryk allinne
en lokkich libje se noch lang

© Piter Yedema

 

Geart Tigchelaar droech by de iepening fan Frijlân it gedicht Frijspul foar.

FRIJSPUL

sa’t se dêr lei
skonken joegen alles priis

elk fûn yn har earms
in krûp en as it moast de dea

ferburgen
har keinens
allinnich foar dy iene

dy’t net de hûd ôfstrûpt
de frucht plôket
foar eigen lusten

skear har betrouwen
flaaikje har foarms
dan fine triennen
ûnfruchtbere grûn

op it pakjedrager
nimst har mei

wurd wei tusken grien
raan yn maitiidssinne
dan brekst frij
lân fan elkenien

© Geart Tigchelaar

Gedichten foar Waterconnecting

By de yngong fan de Aegontún foar it stasjon yn Ljouwert stean acht banieren mei ‘wettergedichten’ fan dichters út ús kollektyf. Se binne makke foar Waterconnecting, it wetterprogramma fan Ljouwert-Fryslân 2018.

Op de banieren stean (parten fan) gedichten fan de dichters: Willem Abma, Erik Betten, Pieteke de Boer, Tsjisse Hettema, Bartle Laverman, Cornelis van der Wal, Syds Wiersma, Piter Yedema. Hjirûnder kinne jo it gedicht fan Cornelis van der Wal lêze.

De glêzen brêge

De terpen dreaunen op it brede, wiete ljocht
fan in mankelike sinne yn ‘e hjerst.
Tusken de wylde see en de hichte dêr’t ik stie
makke de wyn in brêge fan glêzen wolkens.

© Cornelis van der Wal

Waterconnecting organisearret dit jier ferskate wetteraktiviteiten, lykas de ljochtshow Waterlicht, it Wetterpanorama, it Wetterfestival, de Wetterbar, de Water Experience Day en de Waterbeleefroutes.
Sjoch: https://waterconnecting.frl/