Blaas my noch in bytsje libben yn

storein fliebyt my ta fabel fan de kjeld

hjir in deisume feart
dêr in langtrieddich liif

trou bleaun oan de mei roekefearren
fol stutsen sinne boppe in see fol iis

sa hat it ljocht my fûn

triuw my foar dy út
de skamte allinnich al

© Jan Kleefstra