ZEA en Tsead Bruinja – Skuorre- en Tsjerketoer troch Fryslân en Amsterdam

ZEA en Tsead Bruinja tegearre op Skuorre- en Tsjerketoer troch Fryslân en Amsterdam

De kommende maitiid slane Arnold de Boer − ZEA − en dichter Tsead Bruinja de hannen gear foar in mienskiplike toer troch Fryslân en Amsterdam. Op harren Skuorre- en Tsjerketoer presintearje beide makkers nij wurk. ZEA spilet muzyk fan syn yn novimber ferskynde album Witst noch dat d’r neat wie en âld-Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja lit wurk hearre út syn nije bondel Ynbêde / Ingebed, dy’t op 25 maart útkomt by de útjouwerij fan de Afûk. Dêrneist bringe De Boer en Bruinja by de toer, dy’t lâns ferskillende pittoreske tsjerkjes, poadia en in skuorre fiert, tegearre wurk op it poadium.

 

Foto: David de Lange


Restearjende toerdata Skuorre- en Tsjerketoer | ZEA & Tsead Bruinja
14-05 – JORWERT – REDBADTSJERKE
15-05 – AMSTERDAM – CAFE EIJLDERS
22-05 – EKSMOARRE – DICHTER OP DE DEEL
28-05 – LJOUWER HUZUM – DOARPSTSJERKE
29-05 – BEARS – MARIATSJERKE
25-06 – HARNS – LITERÊR FESTIVAL

ZEA spilet nij wurk fan Witst noch dat d’r neat wie
Yn novimber wie de release fan Witst noch dat d’r neat wie, it twadde Frysktalige album fan ZEA en in koproduksje fan Explore the North en de Popfabryk. De releasetoer moast troch de coronamaatregels foartidich ôfbrutsen wurde, wêrtroch’t ZEA it wurk fan syn twadde Frysktalige album foar it earst op de Fryske poadia presintearje sil by de Skuorre- en Tsjerketoer. Witst noch dat d’r neat wie kenmerket him troch yntime en poëtyske teksten en muzyk, wêrmei’t it bûtengewoan geskikt is foar lytsere poadia lykas tsjerken.

Arnold de Boer: “Foar de tastânkomming fan Witst noch dat d’r neat wie ha ik gearwurke mei ferskillende (ynternasjonale) artysten. It is in hiel talich album wurden, wêryn’t poëzy in grutte rol spilet. Tsead hat my holpen mei in oersetting fan ien fan myn Fryske teksten. Wy wurkje geregeld gear; syn poëzy en myn muzyk slute hiel goed byelkoar oan, ék ynhâldlik, wy wurde rekke troch deselde tema’s. Dus dizze mienskiplike toer, wêrby’t we los fan elkoar ús eigen nije wurk hearre litte én wy tegearre optrede, fielt hiel natuerlik.”


Nije bondel Tsead Bruinja Ynbêde / Ingebed
Dichter Tsead Bruinja draacht by de Skuorre- en Tsjerketoer wurk út syn bondel Ynbêde / Ingebed foar, foar in part yn gearspul mei ZEA. Ynbêde / Ingebed komt op 25 maart út by de Afûk. De bondel fertelt persoanlike ferhalen oer leafde en libben yn in rûzige perioade fan Bruinja syn libben, mar ek libbensferhalen fan oaren. Tsead Bruinja: “As Dichter des Vaderlands gie ik mei Arnold, in (wikseljende) gastdichter en fotografe Rosa van Ederen by Fryske fersoargingshuzen lâns. Dêr gienen wy yn petear mei âlderen oer harren jeugd en libben, en dêrnei ferwurken wy dat meielkoar yn in lietsje.” De toer droech by oan de bân tusken De Boer en Bruinja: “De âlderen dielden hiel yntime persoanlike ferhalen mei Rosa, Arnold en my, ûnder oaren oer hoe’t sy de Twadde Wrâldoarloch meimakke ha. Dat soarge derfoar dat wy jûns yn it hotel oan it diner ek ferhalen begûnen te dielen oer ús âlders en pakes en beppes.”


Skuorre- en Tsjerketoer fan 25 maart oant 25 juny te sjen yn Fryslân én Amsterdam
De toer start op 25 maart yn De Vijfpoort yn Formearum (Skylge) en docht fyftjin ferskillende Fryske lokaasjes oan. Dêrneist is de Skuorre- en Tsjerketoer ek te sjen op twa Amsterdamske poadia; sawol De Boer as Bruinja wenje yn de haadstêd. De toer einiget op 25 juny op it Literair Festival yn Harns.

De spyldata en tickets binne te finen op de website fan produksjehûs Explore the North: explore-the-north.nl.


Skuorre- en Tsjerketoer koproduksje fan Explore the North en Popfabryk
De toer is in koproduksje fan ZEA en Tsead Bruinja mei Explore the North en Popfabryk. De beide produksjehuzen Explore the North en Popfabryk wurkje faak meielkoar oan produksjes op it snijflak fan popkultuer en taal/literatuer. Explore the North en Popfabryk binne teffens koprodusint fan ZEA’s album Witst noch dat d’r neat wie. Ynbêde / Ingebed is mei mooglik makke en wurdt útjûn troch de Afûk.

Mei stipe fan Emmaplein Foundation, Boersma-Adema Stichting, P.W. Janssen’s Friesche Stichting en Stichting Alde Fryske Tsjerken.

Jou in reaksje

It e-mailadres wurdt net publisearre.