YEATS’ GRAVE

In gedicht fan Syds Wiersma

 

YEATS’ GRAVE
Drumcliffe

krekt sa woe er it hawwe, sljochtwei as
syn bêste fersen, asjeblyft gjin moarmer,
kalkstien houd út de Ben Bulben, in namme
graveard en it grêf sa situeard datst los

fan it hôf komme kinst, foaroer en ûnder
de beammen troch in útsicht yn, my god
it wûnder fan dy berch, de hurde kop
tsjin Sligo Bay syn riten, sa en net minder

o ja en gjin konsesjes oan it wurd,
yn trije rigels koart en flymjend set
de kâlde werklikheid dy’t fierder giet
yn ’t stal fan de ruter, hy sjocht en wit

cast a cold eye
on life, on death
horseman, pass by!

Foto: Syds Wiersma
Foto: Syds Wiersma

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *