Tsjisse Hettema

Berne, hikke en tein yn Bitgum. Yn de hannelsgeast fan meardere generaasjes. Mar de reade trie yn syn libben wie dochs wol it skriuwen fan fersen en ynteresse yn de literatuer. ‘It grutste part fan myn wurksume libben koe ik folje mei boeken. En yn it lêste part dêrfan koe ik my útlibje yn it kombinearjen fan film mei gedichten. Twa uteringsfoarmen dy’t inoar hiel goed passe. Dat is no dien en wurd ik wer weromsmiten op it wurd yn myn fersen.’

Myn motto:

yn it tsjustere part fan myn geast
groeit it besef
om dat wêr’t ik noait by neitink
ris ûnder wurden te bringen
en sa koart mooglik

om it ûnsisbere
beslist op in wurd te betraapjen

Ynstjoerde gedichten
Ropsyl (21 septimber 2017)
Fiskôfslach Laaksum (2 desimber 2017)
Op de perrons (1 maart 2018)
Gysbert X (4 juny 2018)
Ik zit in ‘e baarm (28 juny 2018) – gedicht skreaun mei Aafje Bouwer
It sil wêze (13 july 2018)
Stormruter (25 septimber 2018)
Meensken (20 oktober 2018)
De man rint op hûs oan (9 maart 2019)
Gniisgas (20 juny 2019)
City of literature (22 desimber 2019)
Et virus (maart 2020)
Lentegedichien (april 2020)
Oesters (novimber 2020)
Et locht en de wiend (29 maart 2021)
Speaketsjil (29 july 2021)

FISKOFLACH LAAKSUM

myn holle sit fol
en tipt om as in dikbúkklowntsje

skean sjoch ik nei
wat de fiskôfslach wie
de grutte wysheid fan it gebou
leit stikkenslein
tiid ploege muorren en libbensskaad
ienriedich deselde kant út

de mar is leechhelle
spanningleas
tikket maklik stikken
op de sânplaten

van althuis hie it helendal ferkeard sjoen
der is gjin brekbere sfear
oer dy kliffen
en dy doarpen
rûkt it nei âld sear