Sipke de Schiffart

Sipke de Schiffart (1959) is hikke en tein yn Longerhou. Dêr hat er omtrint tweintich jier buorke. Tsjintwurdich wennet er yn Ljouwert. Hy skriuwt, skildert en skaakt. Yn 2012 ferskynde de ferhalebondel Wat it is om bang te wêzen by de Friese Pers Boekerij en yn 2017 ferskynde de dichtbondel Oan dy tinke by Hispel. In roman is op kommende wei.

Ynstjoerde gedichten:
Jozef Theodorus (maaie 2018)
Generaasjekleau (16 desimber 2019)
Kryst mei de bern (29 desimber 2019)
Ferâldere (17 novimber 2022)
Offallige (30 novimber 2022)

 

JOZEF THEODORUS

hy waard berne yn desimber 1945,
dat betsjut dat er twa moanne foar de befrijding
oanset is

yn maaie 1945 wienen syn âlden
en de oare famylje ekstra bliid –
it lân wie befrijd en syn mem yn ferwachting

se krigen in krystberntsje

Jozef Theodorus hie in dreamstart,
mar ergens yn syn libben briek de oarloch út,
hy ferlear syn âlden en syn broer
en oare dierberen liken net te finen

minskeskou en wers fan rigeltsjes
gong er syn iensume wei troch it libben
en geandewei rekke er likernôch alles kwyt

de lêste jierren wenne er yn in tintsje
yn it Griene Stjergebied by Ljouwert,
alles wat er noch hie, paste yn in rêchtas

op in kâlde moarn yn febrewaris
waard er fûn yn in sleat,
Jos lei op de búk, allinne de rêchtas
stiek boppe it wetter út

mei syn dea kaam de befrijding