Geart Tigchelaar

Foto: Pieter Postma

Geart Tigchelaar (1987) is hikke en tein yn Damwâld, mar wennet no yn Himpens. Op it stuit is er mear amtner as dichter, mei’t er foar it earst yn syn libben in fêste baan hat en dat by de FUMO yn Grou. It skriuwen stiet dêrmei op in wat sêfter pitsje. ‘It is no efkes tiid foar wat oars,’ sa’t er dat sels seit. Njonken it wurk folget er nammentlik ek de dieltiidstúdzje Miljeukunde oan Van Hall Larenstein. Likegoed docht er foar RIXT de korreksjes en makket er in inkelde foto by in gedicht.

Oer syn dielname oan RIXT: ‘It kollektyf sjoch ik om op in eigenwize en mienskiplike manier oer aktuele saken te dichtsjen.’


Ynstjoerde gedichten

It ’s a problem, it ‘s  a problem (30 septimber 2017)
Eala Frya Fresena (6 oktober 2017)
The same for everyone (24 oktober 2017)
Alde LTS  (27 desimber 2017)
It wurd dat libbet op ‘e wyn (8 maart 2018)
Seit mem (30 maart 2018)
Fol gas! (3 april 2018)
Frijspul (18 april 2018)
Lit dy net ôfskrikke jonge (16 maaie 2018)
De switdrip (15 july 2018)
Kinst mar better dichter wêze (26 july 2018)
Top!  (29 desimber 2018)
De klap dêrnei (9 jannewaris 2019)
De kat út ’e beam sjen (24 jannewaris 2019)
Ga je mee, Geert (11 febrewaris 2019)
By de earstfolgjende krusing rjochtsôf (23 maart 2019)
Nij ferhaal (10 april 2019)
In bult stienen in stiennen bult (20 april 2019)
Op wei nei (7 juny 2019)
Sûnder regel (1 augustus 2019)
Fridays for future (21 septimber 2019)
Identiteitskrisis (16 oktober 2019)
Better as fiksje (1 novimber 2019)
Op skerp (20 novimber 2019)
Wingewest sinne (23 desimber 2019)
In terraske pakke (15 jannewaris 2020)
Lul op in drumstel (maart 2020)
Statistikus (april 2020)
Myn frijheid (maaie 2020)
In lêste blokje om (maaie 2020)
Meldpunt Min Frysk (juny 2020)
It blokje r (juny 2020)
De takomst fan BF Nederlân (juny 2020)
It arkje (oktober 2020)
Deroan (oktober 2020)
Lockdown, dei 232 (novimber 2020)
Klisjees (3 febrewaris 2021)
Sniebaleffekt (26 febrewaris 2021)
Kamp Morra (6 april 2021)
Skiednis meitsje (6 maaie 2021)
Salang’t de wyn (2 juny 2021)
Wiete sokken (5 augustus 2021)
Dy iene fraach (10 septimber 2021)
Sis my (5 oktober 2021)
God Gas (16 jannewaris 2022)
Natoerminsk (2 febrewaris 2022)
In kreakjen (5 maart 2022)
Flean op! (5 april 2022)
It binne fan dy dagen (4 maaie 2022)
Ballade fan Noardeast (23 july 2022)
Terp fan ‘e takomst (6 desimber 2022)

 

ÂLDE LTS

skientme is in ding datst ferboelguodzje kinst
mar ek deagewoan stean litte
der sprute net allinnich moaie dingen
op út it grint op it platdak

dêr’t de ekster syn snaffel skerpet
en skel klinkt troch inkeld glês

hiest net tocht hen
hiest net tocht hen

ik doar der net efteroan
in held haw ik nea west
al sjocht elk dat it dak
my net mear hâlde sil

ideeën rôlje oer stikkene tegeltsjes
tusken latsjeblinen kypje plannen
kidelje útfierings mear as it buorfamke

om it skoalplein hinne
steane de finsters iepen
foar grutte berneholtsjes
is der no in oar plak yn 058