Evita Bakker

Evita Bakker (1989) is hikke en tein yn it moaie Warkum. ‘Ik bin fulltime autist en wurkje by in wurk-learbedriuw dêr’t ik skilderje en tekenje, blomskik en húsdichter bin. Ik drum en fotografearje graach en bin gek op alles mei taal. Ik skriuw gedichten yn it Hollânsk, Frysk en Súd-Afrikaansk, en proaza en kollumns. Oant gau!!’

Ynstjoerde gedichten:
Wetter (maaie 2018)
Gjin inkel libben paste him mear  (maaie 2018)
Held (21 augustus 2018)
Uneinich (2 desimber 2018)

 

GJIN INKEL LIBBEN PASTE HIM MEAR


Yn it kjelle gerdyn fan skriemende loften
hinget er de dea op as in jonge kat
dy’t skiere winters iepenskuort.

Syn libben in fierstente krappe jas, barst er
út de wekkere wrâld. De stilte, slûchslim,
swijt dat ademjende kjeld, op toertocht,
troch útskuorde dagen swalket.

Sels it iere moarnsljocht strompelet net langer
de snoarkjende treppen nei syn sliep bydel.
Yn syn lege blik hinget in winterwolk stil
dy’t de blauwe see fan syn eagen ûndersnijt.