Edwin de Groot

Edwin de Groot, hikke en tein op It Hearrenfean en berne út twa Oertsjongerske bloedlinen. Hat sa de meartaligens mei de brijleppel ynjûn krigen en publisearret yn it Frysk en it Nederlânsk. Gedichten steane yn û.o. Hollands Maandblad, Nieuw Vlaams Tijdschrift, Ensafh en De Moanne.

Fjouwer Frysktalige, ien twatalige en twa Nederlânsktalige bondels fierder wurdt der kalm en bedaard wurke oan nûmer seis. It is net út te sluten dat yn dy bondel in kombinaasje makke wurdt mei byldmateriaal fan eigen hân.

Oer syn dielname oan RIXT: ‘In reden om mei te dwaan mei RiXT is dat dit kollektyf sa divers is kwa dichters dat it dêrtroch in poadium wêze kin foar alle aspekten fan ús deistige libben en sa wer in ûnderdiel wurdt fan datselde deistige libben.’


Ynstjoerde gedichten:

Besef fan gemis (maaie 2018)
Omfierrens stjerre kin elkenien, mar thúskomme is in oar ferhaal (18 novimber 2018)
Oer saken dy’t noait fergean (14 jannewaris 2019)
Bestean en net (6 maart 2019)
Op de poalen is it (noch) kâld (26 maart 2019)
Wat mear tuike oan, net ôfstappe (29 maart 2019)
Wêr’tst sitst yn ‘e kano (10 desimber 2019)
Oanreitsje (6 jannewaris 2020)
Kloof (maart 2020)
No fly 2 (april 2020)
Fergelyk (maaie 2020)
I can’t breathe (juny 2020)
Sa gie der (augustus 2020)
Wat de gelearden sizze/tik (septimber 2020)
Ûnderhûdsk (oktober 2020)
Oan de fruchten werkent men de beam (desimber 2020)
Taryf en koers (9 maaie 2021)
Mare Frisicum oer tachtich jier (18 maaie 2021)
Lij (8 jannewaris 2022)
De Deelen (27 jannewaris 2022)
Wy binn’ praatsjesjitter (3 febrewaris 2022)
Oekraïne (2 maart 2022)
Bij een blauwe-regenboom en een regenboog (6 april 2022)
Noordoostpolder/Noardeastpolder (8 maaie 2022)
Wat nr. 14 al sei (17 maaie 2022)