Anne Feddema

Anne Feddema (Ljouwert, 1961). Dichter, skriuwer en byldzjend keunstner. Wûn yn 2007 de Margaretha de Heerpriis foar syn byldzjende keunst, yn 2009 de prestisjeuze Gysbert Japicxpriis foar syn dichtbondel Reidhintsje op’e Styx en yn 2016 de Rink van der Veldepriis foar syn ferhalebondel De Triennen Fan Cheetah.

Yn 1997 stie er op Poetry International yn Rotterdam. Hy die ek optredens op it Oerol Festival op Skylge. Anne Feddema skriuwt yn it Frysk, mar ek yn it Stedsk en Nederlânsk. Boppedat sette hy wurk oer fan oare dichter-keunstners yn it Nederlânsk lykas fan Kurt Schwitters, Hans Arp, Godfried Benn, Paul Klee en Wassily Kandinsky.

Ynstjoerde gedichten
Bline Riders (2 maart 2018)
Krystfiters (23 desimber 2018)
Cambuur thús (11 septimber 2019
Wrâldrekôrs (17 septimber 2019)
Papel solo (24 septimber 2019)
Russysk mearke (30 septimber 2019)

 

BLINE RIDERS

Yn ’e bûging fan ’e 
Triljende line
Blau-blierread
Winterdeiljocht
Seach ik it
Foaroerbûgde trio
Riders op ’e Ie
Ja!…It koe!

It die bliken:
Trije gewûpste
Stobbewylgen

Ik moat nedich in bril
Nammers foar alle tiidromten

Mar wat koenen se hurd