Hinke Veenstra is yn 1958 berne yn Garyp en wennet sûnt 1993 yn Drachten. Klank, kleur en foarm spylje in grutte rol yn har libben. Dat is net allinnich werom te finen yn har gedichten en fotografy, mar ek yn har skilderijen. Hinke har wurk giet oer har sykjen nei de betsjutting ‘efter de dingen’. In oantal teksten fan har binne op muzyk set en te finen op YouTube.
https://youtu.be/JMG9-waIINU
https://youtu.be/ztnwdENPWcg
https://youtu.be/oVbG5Q9EqjY
Har wurk is in utering fan it yntuïtive, naïve en puere sjen en belibjen fan de wrâld. De fotografy stelt it deistige sintraal, mar jout de taskôger dêryn faak in net alledeiske ynfalshoeke. Har debútbondel Lang om let, mei gedichten en foto’s seach yn 2015 it libbensljocht. Yn har deistige blogs nimt se de folgers mei yn wat se sa al tsjinkomt yn har libben. Sûnt koart hat se der live-opnames oan taheakke fan mominten wannear’t se spontaan yn petear rekket mei minsken dy’t op har paad komme. Yn de moeting leit har bestean. Hinke hat yntusken plannen foar in twadde bondel. Wa’t mear fan har wurk en har achtergrûn witte wol, is wolkom yn har firtuele (diel) hûske www.hinkeveenstra.com
MAITIID suver neaken makket se har yntree krekt of komme we har oer ‘t mad ûnopfallend nimt se har posysje yn it hat mei skamte neat te krijen se nimt de tiid har mei laachje foar laachje oan te klaaien en docht dit mei belied foar de taskôger soms in tergjende tiid hja wolle har waarmte fiele mar se lit har net driuwe troch minske of maatskippij har outfit moat yn alle fasetten it natuerlike proses trochrinne en folslein foldwaan oan de dresskoade dy’t de maitiid sa eigen is (út de bondel Lang om Let, 2015)