Kate Schlingemann is dichter, berneboekemakker en tekener. Yn 2000 ferskynden har earste printeboeken (Luister, 2000-2005). Dêrnei skreau se in bisteferhalebondel, Spindingen. Yn opdracht skreau en tekene se de ferhalerige Pietje en Rozijntje. Jongereingedichten waarden earst publisearre yn Querido’s Poëziespektakel 4 en 5, folge troch de bondel Wondermiddel (Xanten, 2016), dêr’t se mei debutearre as dichter. In protte gedichten fan har binne opnaam yn ferskate blomlêzings en literêre tydskriften, yn it Nederlânsk likegoed as yn it Frysk (It leafst bin ik in fûgel, Afûk, 2018). Fan begjin 2016 ôf is Kate as dichter en redaksjelid belutsen by poëzytydskrift DICHTER. fan Plint. Sûnt koart sit se ek yn de redaksje fan RIXT (rixt.frl). Weromkommende tema’s yn har wurk binne: ‘thús, wêr/wannear bist thús’ en ‘ferfrjemding/ferwûndering’, mei taal as fearboatsje tusken de wâl en de stip op de hoarizon.
Ûnderskiedings:
– Twadde priis foar it gedicht ‘Bemoeizorg’ yn de Turing Nationale Gedichtenwedstrijd 2012.
– Twadde priis foar it gedicht ‘Weet ik veel’ út Wondermiddel yn de Flaamske Jotie T’hooft Poëzieprijs.
– Foar ‘het begin van de regenworm’ krige se in 10 fan sjuerylid Ellen Deckwitz by de Willem Wilmink Gedichtenwedstrijd yn 2016, en de twadde priis.
Ynstjoerde gedichten
Mensen (april 2020)
Wie vertelt de boer (july 2020)
De redenen (july 2020)
het begin van de regenworm wat moeten we toch met al die vogels behalve de kunst afkijken van stilhangen in de lucht met al die vogels een patatje grissen stilhangen in de lucht boven tafels op een terras een patatje grissen lekker lekkerbekjes pikken boven tafels op een terras of wormen trekken uit het gras lekker lekkerbekjes pikken vaak in volle vijvers wormen vissen uit het gras hoe we ook in hokjes passen vaak in volle vijvers evenwicht op takken houden hoe we ook in hokjes passen waar de regenworm begint evenwicht op takken houden dat we van alle vogels leren waar de regenworm begint maar dit nooit zeker zullen weten dat we van alle vogels leren behalve de kunst afkijken maar dit nooit zeker zullen weten wat moeten we toch it begjin fan ’e reinwjirms wat moatte wy dochs mei al dy fûgels útsein de keunst ôfsjen fan stilhingje yn ’e loft mei al dy fûgels in patasje snaaie stilhingje yn ’e loft boppe tafels op in terras in patatsje snaaie lekker lekkerbekjes pikke boppe tafels op in terras of wjirms lûke út it gers lekker lekkerbekjes pikke faak yn folle fivers wjirms fiskje út it gers hoe’t wy ek yn hokjes passe faak yn folle fivers lykwicht op tûken hâlde hoe’t wy ek yn hokjes passe dêr’t de reinwjirm begjint lykwicht op tûken hâlde dat wy fan alle fûgels leare dêr’t de reinwjirm begjint mar dêr nea wis fan wêze sille dat wy fan alle fûgels leare útsein de keunst ôfsjen mar dêr nea wis fan wêze sille wat moatte wy dochs © Kate Schlingemann Oersetting: Geart Tigchelaar