Twatalige Frysk-Portugeeske dichtbondel Godwits

Twatalige Frysk-Portugeeske dichtbondel Godwits
Mei gedichten fan Jan Kleefstra, Elmar Kuiper, Raquel Lima en Nuno Piteira

Jan Kleefstra

Yn 2015 moete Jan Kleefstra op in reis mei Kening fan de Greide yn Lissabon de dichters Raquel Lima en Nuno Piteira en selliste Joana Guerra dêr’t er mei optrede. Dat late ta in útnûging foar it Portugal Slam Festival te Lissabon yn 2015. De trije Portugezen waarden dêrnei mei stipe fan Tresoar nei Fryslân helle foar guon optredens, û.o. mei it Frysk kollektyf Tsjinlûd. Der kaam in útnûging om op ’e nij nei it Portugal Slam Festival te kommen, diskear tegearre mei Elmar Kuiper yn 2016.

Nuno en Raquel

It idee kaam op om wurk fan inoar oer te setten en in twatalige bondel te meitsjen. By it festival yn Lissabon waard in begjin makke mei de earste oersettings. Dêrnei duorre it noch in skoft ear’t it projekt syn folseine beslach krige. De oersettings binne redigearre troch Teake Oppewal. No leit der de twatalige bondel Godwits.

Godwits betsjut ‘skriezen’, de fûgels dêr’t dizze literêre útwikseling mei begûn. De reis nei Portugal en Spanje yn 2015 hie relaasje mei de plakken dêr’t de skriezen winters nei har trektocht nei it suden ferbliuwe. De skries wie altyd ûnderdiel fan it ferhaal dêr’t de fjouwer dichters inoar yn moeten en harren optredens yn plakfûnen.

Elmar Kuiper

 

It is in unike bondel. Hy bringt net allinnich twa klankrike talen byinoar, mar ek fjouwer hiel ferskillende dichters. Raquel Lima en Nuno Piteira binne slampoets, dy’t allebeide Europeesk kampioen slampoetry west hawwe. Harren taal en optredens binne hiel ekspressyf, wylst de taal en optredens fan de beide Fryske dichters folle ynbanniger en ferstilder binne. De twatallen binne op harrensels ek nochris tsjinpoalen, benammen as it giet om de tema’s fan harren poëzy en de wize fan foardragen. It is in gearkommen fan dichters dy’t net earder sa plakfûn hat.

Omslach ‘Godwits’

 

De bondel is troch de dichters sels útjûn om it ticht by harsels te hâlden. Dêrom is de bondel ek allinnich by de dichters sels te krijen. De oplage is beheind. It doel is om letter dit jier yn Portugal en yn Fryslân boekpresintaasjes te hâlden.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *