Willem Abma

Willem Abma hat in ryk oeuvre op syn namme stean. Proaza, toaniel, poëzij, skôgjend wurk. As dichter debutearre er yn 1970 mei de bondel De âlde en de leave hear as lead om âld izer. Dêrnei publisearre er noch 22 dichtbondels. Foar syn earste trije bondels, skreaun ûnder it pseudonym Daniël Daen, krige er yn 1973 de Gysbert Japicxpriis. Syn lêste bondel Mimeringen is krekt ferskynd. Syn wurk wurdt û.o. typearre troch it sykjen om in mystike ienheid fan libben en dea.

Oer syn dielname oan RIXT: ‘Dit is nei myn opfetting in konstruktyf en mei geve arguminten ûnderboud inisjatyf, dat hiel goed njonken it Frysk dichterskip fan Eeltsje Hettinga bestean kin. Oan sa’n projekt wol ik graach meiwurkje.’

Ynstjoerde gedichten:
Salut Walt Whitman! (19 jannewaris 2018)
Ljouwert KH 2018  (29 jannewaris 2018)
Mark Rothko (15 desimber 2018)
MRI – scan (15 desimber 2018)
Fermoarde en fermeald (24 april 2019)
Hoe hâld ik fêst wat my ferlit (2 maaie 2019)
Skalkedjip (24 oktober 2019)
It plein leit fredich (1 jannewaris 2020)

 

LJOUWERT KH 2018

tûzenen oan tûzenen foarby
in eachopslach in amerij
in wif hâldfêst yn it ferlitten

en oan de stegen en de strjitten
hûs oan hûs fasades dy ’t ferswije
wa ’t hjir it lok fûn wa it lijen

mar, Ljouwert, haadstêd fan kultuer,
dêr’t men no mannich frjemde talen heart,
wêr fynt de frjemdling wierlik dyn statuer
en kloppet dizze stêd no echt it hert?

dat is dêr’t út in ieuwenâld en djip ferlet
in mins wat kostber is en kwetsber net ferbrekt,
him yn syn memmetaal de mienskip fynt
dy’t doarp en stêd yn har ferskaat ferbynt.