Tsead Bruinja

Foto: Hilde Brandsma

Tsead Bruinja (Rinsumageast, 1974) is dichter en wennet yn Amsterdam. Hy debutearre yn it Frysk yn 2000 mei de bondel De wizers yn it read (Bornmeer) en yn it Nederlânsk yn 2003 mei Dat het zo hoorde (Contact, 2003). Bruinja stelt blomlêzings gear, resinsearret, presintearret, ynterviewt en treedt op yn binnen- en bûtenlân (û.o. yn Perû, Oekraïne en Simbabwe). Dêrneist wurket er regelmjittich gear mei byldzjend keunstners, typografen en foarmjouwers. Syn wurk is net allinne yn boeken, mar ek op gebouwen (û.o. yn de oerkapping fan it stasjon yn Ljouwert) , pleinen en yn winkels te lêzen. Sûnt in tal jierren is Bruinja wurksum as dosint oan de oplieding Creative Writing te Arnhim. Yn 2017-2018 wie er ‘Dongeradichter’ fan de gemeente Dongeradiel. Yn 2019 waard er beneamd ta Dichter des Vaderlands foar de perioade 2019-2021.

Bruinja’s bondels waarden nominearre foar de Jo Peters Poëzieprijs, de Ida Gerhardtpoëzieprijs en de Obe Postmapriis (as oersetter fan eigen wurk). Hingje net alle klean op deselde kapstôk/Hang niet alle kleren aan dezelfde kapstok (Afûk, 2018) is syn meast resinte Fryske bondel.

Ynstjoerde gedichten
Wjerkôger
Trinten as in flinter (10 maart 2019)
Binne wy der klear foar (24 maart 2019)
En dat kin mar de wrâld is feroare (24 maart 2019)
Leaver nei it Mailiefjild as oan ‘e hoannebalke (21 oktober 2019)
Hoecht in namme wat?  (28 jannewaris 2020)
Grêftegurdlegedicht mei djoer iten (maart 2020)
De dea is gjin master út dútslân (maaie 2020)
No en aanst (desimber 2020)
Fyts ‘m d’ryn Mark (21 jannewaris 2020)

 

WJERKOGER

ik lei de krante del en sei
de wrâld is in stâl wêryn't we wachtsje op ús miel
of it fretten út `e kroade skeppe

oan 'e ein wachtet ús in trôch yn 'e modder
de glinsterjende heak fan 'e slachter
of it maachsoer fan in oar

sy sloech it boek ticht
die de kaugom út 'e mûle
en stoarre my oan

ik sette troch mei

de wrâld is in toaniel
alle bisten en dingen derop en derûnder
krije in rol en in stikje woarst

bouwer of fernieler
liuw of laam

de wrâld is in winkel
besocht ik op it lêst

wat fynst fan 'e toanbank?
is it ljocht te skel?
it fleis read genôch?

sy gappe en troppe it stikje kaugom
werom yn 'e mûle

de wrâld is in iepen fjild
smakte se

en joech my de spoaren