Janna van der Meer

Janna van der Meer (1969 Aldegea SWH) studearre Algemiene Literatuerwittenskip oan de Universiteit fan Grins. Dêrnei wurke se yn ferskillende managementfunksjes bûten Fryslân. Skriuwen wie in hobby. Har memmetaal spruts se allinne mei de kat.

Ienris werom yn it heitelân besleat se yn it Frysk te skriuwen: ‘En mysels tichteby te dichtsjen.’ Dat resultearre yn de bondel Wêzen, dy’t yn 2017 útkaam by útjouwerij Bornmeer.

Op dit stuit is se freelance tekstskriuwer.
www.jannavandermeer.nl 

Yn har syktocht om har sa eigen mooglik út te drukken, brûkt Janna njonken taal ek bylden. Yn de simmer fan 2020 wurdt in seleksje fan har foto’s útstald yn galery It Fotolokaal yn Tsjerkwert. Dy foto’s binne ynspirearre op ûndersteand gedicht.


Ynstjoerde gedichten
Duel of duet (oktober 2020)
It ferrie (22 maart 2022)
De ûngelokkige túnfrou (27 febrewaris 2023)

 

skepsel

fan ûnder de tekkens
riist it skepsel
skonken stinne
swier fan sliep
lapen falle
fan ’t omwuolle liif
dat yn it tsjuster skûle

wekker wurde

sûnt stjoerman holle juster
it hêft út hannen joech
en ik my glydzje liet
yn ’e wide see fan dreamen
dêr’t ús lytse libben yn om dobberet
en ik my oerliet oan ’e tinzen
dy’t as nuvere fisken
dat wetter bewenje
en elkoar sykje en fine
op wizen
dy’t net spylje
yn ’e logika
fan ’e dei

wie ik wei
wie ik wer

no fiel ik my roppen
troch it ljocht en sjoch
in nije moarn
noch mei fochtich flewiel beklaaid
it sêfte riizjen fan ’e sinne

aansten drûget er mij wer
yn ’e foarm
dy’t ik foar dit libben
yn dizze wrâld
oannimme moat

elke dei
elke nacht
itselde liet

© Janna van der Meer