Froukje Reitsema

Froukje Reitsema (1947) kaam op ’e wrâld yn Niekerk, Grinslân. Wennet no yn Lippenhuzen. Se is grutbrocht yn it Nederlânsk, mar troch Geale de Vries en toanielspyljen op de Drachtster Ryksweekskoalle betsjoend troch de Fryske taal.

Se hat jierren foar de klasse stien yn it basis- en fuortset ûnderwiis, mar toaniel hat altiten in wichtiger plak ynnaam: foarstellings foar skoallen, iepenloftspullen, eigen berneteatergroep, regissearjen en sûnt in jier as tweintich resinsint foar nij Frysk toanielwurk foar it Friesch Dagblad.

Mei Margriet Kemper (byldzjend keunstner, skriuwer, útjouwer en berne yn Yndonesië) hat se de teatrale fertelling ‘Elkaars andere’ makke, dy’t yn 2022, 2023 en 2024 oer it fuotljocht brocht is en noch brocht wurde sil yn benammen Fryslân: ferhalen en gedichten oer harren persoanlike en dielde bernetiid en hoe’t dy harren foarme hat. De fertelling is yn it Nederlânsk om’t dat harren mienskiplike taal is, mar de gedichten fan Froukje binne foar in part yn it Frysk.

Foar it dichtsjen gie sy seis jier ferlyn foar stipe op in kursus jûn troch Abe de Vries (Tresoar). In workshop mei Arjan Hut folge en no foarmet se mei wer oaren: FersFroulju, in groep dy’t alle moannen by elkoar komt.


Ynstjoerde gedichten
Moeting (3 jannewaris 2020)
Lang om let (26 maart 2021)
Tongslach (22 novimber 2022)

SOAN

moarnsljocht kloppet oan ’e lûken
dûnset de kezinen los
ferset de flier, gerdinen, muorren
wolket skaden lâns de kast

it slieperssân as koartsen weispield
yn de gongen fan de nacht
driuwt knipperjend fansiden
it poent my oan: carpe diem, pluk de dag

hjoed sil ik de stiennen keare
poere yn it wetter mei in stôk
lûden fange, nei de kime fytse
syn namme kervje yn ús âlde iik

de skrassen yn syn antlit fervje
mei klear goud en eigen bloed
de lûden brûke foar in skriuwen
de stôk en stiennen foar in monumint

© Froukje Reitsema
septimber 2019