dat dit ta de mooglikheden hearde

Hjoed in fers fan Sytse Jansma op RIXT.  Oanlieding wie it nûmer ‘Changes‘ fan Black Sabbath. In nûmer oer it ferlies fan in leafde.

dat dit ta de mooglikheden hearde,
koenen we witte doe’t we oan elkoar begûnen,
sûnder de minste muoite wûnderen we it deistige
omheech, ferwaarmden we de smoar yn ús hollen
wat der doe barde: tûzen reade triedden,
as waarme maitiidsrein, fersûpten de grûn efter
dyn eagen en doe waardst meinommen, sa is it gongen
sêfter as dit kin ik it net beskriuwe

2 Replies to “dat dit ta de mooglikheden hearde”

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *