Friese Pers Boekerij joech trije boeken fan Hidde Boersma út: in dichtbondel, een bondeling koarte ferhalen en in roman. Poëtysk, humoristysk en filosofysk. Hidde syn mei soarch út ‘e losse pols dosearre brouwsel makke him ta de útfiner fan it Doedeïsme. De kearn fan dy stream: in Doede is heechút Doede-achtich, mar lykwols noait ûnwierhaftich.
Lês mear op: https://boursmoi.nl
Ynstjoerde gedichten:
Wolkom by de Algerijn (maaie 2018)
WOLKOM BY DE ALGERIJN As je nedich pisje moatte kin dat yn Europa by de measte ynlânske útbaters wol Mar je komme fan dy types tsjin dy’t jin de tagong wegerje of der jild foar hawwe wolle Dat barde my niiskrekt hjir yn Dieppe by in hotel bekroane mei trije stjêrren en bemanne troch frânske frânsen In pear hûzen fierderop by de Algerijn soene se my freonlik deryn litte Dat wist ik en dat diene se Dieppe, 12 08 2017