Yva Hokwerda

Yva Hokwerda is it dichtsjende alter ego fan Ytje Hoekstra (tekstskriuwer/oersetter/dosint). Fan 2004-2009 oppenearre Yva har fia in weblog om boartsjendewei te learen yn it Frysk te skriuwen. Yn 2006 wûn se in Rely Jorritsmapriis foar poëzij, dêrnei folge har debútbondel Dûbeld Fjouwerjen (2008). Sûnt 2010 ferskynt út en troch in fers yn tydskriften of sammelbondels. Simmer 2018 ferlit sy nei 28 jier har wen-wurkstêd Ljouwert en sil werom nei Snitser kontreien. De leanen fan Loaijingea hawwe har wat te melden. En der giet wol in trein nei de KH.

Ynstjoerde gedichten
Leave boer, ik bin dyn suster
Trijefâldige les: Oer hoe’t jo komme by it krûpyntsje (1 maart 2019)
Transfytse (13 juny 2019)
Oardelskonkje foar Bartle Laverman (maaie 2020)
Skylge-blau (oktober 2020)
IM Aart en Bram (desimber 2020)
Yntroverte krystdagen (desimber 2020)