Pieteke de Boer

Pieteke de Boer út Wommels skriuwt poëzij foar grutte en lytse minsken. It leafst lit se dy tsjin poëzij oanrinne wêr’st it net ferwachtest. Koarte fersen mei kryt op in túnsket of muorre (skuttingtaal), pypskomletters yn ’e sleat, krytstift op ruten. Yn 2016 wûn se mei it gedicht ‘De Bosk’ in Rely Jorritsmapriis. Yn 2018 wurke se mei oan de foarstelling ‘Sjen yn it tsjuster’ oer Tsjêbbe Hettinga en oan it projekt ‘Under de Toer’ yn Wommels: ‘De profylfoto fan Klaas’. Yn april 2022 siet se 24 oeren yn in glêzen hûs boppe de Slachtedyk foar it projekt ‘Oer de râne fan de tiid’ fan Fûgelwacht Wommels e.o.

Fersen publisearre yn:
Oer it wetter op ’e weagen fan muzyk en poëzij, 2010
It grutte foarlêsboek, 2013
Ver Heen. Woorden gaan op reis, 2017
It grutte foarlêsboek, 2019
Poëzij op brêgeleuning (rûntsje Gruttoland), 2023

Ynstjoerde gedichten
Thús (maaie 2018)
Bin ik al wei (14 novimber 2019)

 

THÚS

Hjir fiel ik my thús
krekt as in fûgel
yn de tekken fan greiden
de loften ûneinich fier
de mûne draait syn rûntsjes
as de wyn oanhellet
en de sinne sakket
op in moaie simmerdei

En as wolken grien reitsje
is fierte tichteby
tsjerkeklokken liede
as wy ôfskie nimme
de toer in beaken foar
wa’t it paad net fine kin
hjir is altyd immen
dy’t it dy wize wol

Wy reitsje mekoar net kwyt
op it trekpaad sjogge we
de wjerskyn fan de oar
yn it glinsterjende wetter

Mei in stap fansiden
meitsje we romte foar
minsken dy’t hurder kinne
begroetsje in nije dei

Grinzen kinne ferlein wurde
mar it klopjen fan dit hert
ús greidehert
hâldt net op

dat is der
dat bliuwt der
en sil der altyd wêze