Slaper

Gerard Marcel de Jong is hoofdredakteur fan de Bildtse Post en weunt an ‘e Ouwe-Dyk. As ’n dykslaper die’t te betiid wakker is, skryft-y dêr syn gedichten.

 

SLAPER

De Ouwe-Dyk is ’n slaper,
Kastreerde kering die’t fan water
Niet eens droomt, útdroogd korpus
opbaard in ’n Mondriaan fan klaai.

Nou overwoekerd met skakeerde,
Fersakte Villa Réfugio’s foor nomaden
En trawanten die’t hursels wel
Rêde kinne, maar niet helpe.

Lang docht dat de soezende wyn
De sielsoekers hier in ‘e roes brocht.
Stad Niks foor lege harten, salvend
eand foor sluge aaigooiers.

Maar ik sien Bornrif: Fallus die’t ’n levenslyn
over’t sliklând skynt – en soa’t hur ogen
mij gefangen houwe gryp ik ’t licht,
as ’n dykslaper die’t te betiid wakker is.

© Gerard Marcel de Jong

Moderne maaie

Fryslân belibbet de hytste maaie sûnt de útfining fan de termometer. In waarmteweach en yn de stêd is it alle dagen festival, je wolle der ris út. Yn 2018 slacht it greidelân de maitiid oer. Wen der mar oan: dit is ús nije klimaat.

 

MODERNE MAAIE

mêsten koperglânzgjend
meitsje har út pannedakken, beammen
los, glide beret efter de flatsjes
hinne, Ljouwert ûnder ’t pompeblêd
skûtsjes stome de stêd wer út
de ûnsichtb’re Greuns, de marren op

o kultureel briedplak!

fan ôfbakte balkontsjes wolle jo
ek op ’t koeltsje ta, it föhnde
gerslân yn, en oan ’e Ie
bygelyks – moai fuort –
dat teewetter tusken tondeuze-
fjild en drûchboeketteberms
sleau it diselpontsje swaaien sjen
yn dit jiers maitiids-magnetron

ûnderweis gjin ljippen sjoen
mar op ’t terras
binne mosken noch net útstoarn

© André Looijenga

 

Froulju fan Frijlân!

28 maaie 2018
Op 18 april waard Stichting Frijlân iepene. In nij ekologysk ynisjatyf yn de Swettepolder ûnder de reek fan Ljouwert. Fiif froulju bewenje en bewurkje dêr pleats en lân. De gemeente Ljouwert stipet it ynisjatyf. Tegearre mei de dichters Geart Tighelaar, Piter Yedema en Jetze de Vries waard Syds Wiersma frege om foar de iepening in gelegenheidsgedicht te skriuwen. Hy bewurke syn gedicht dêrnei ta syn tredde gedicht fan de moanne maaie.

FROULJU FAN FRIJLAN

Charon fytst my it Van Harinxma oer
it deaderyk fan high tech dairy yn:
ús drûchmealde dream fan fûgeltsjelân.
In krigele plantaazje is jim doel
mei waarme hannen omkear bewriuwe
oer de ylhurde knibbels fan de polder.
In Finske kotta, wat yurts, in wenwein,
sa begjint treast, sa set fêst foarnimmen
útein om slein lân geast yn te blazen.

Froulju! Dit is in iensume igge
oan in útmolken see, ljocht krepearret
fan toarst boppe de hurdgriene koarsten.
Lange, linige massaazjefingers
freget jim ûndernimmen, nuodliker
as dit bonkerak mei syn fêstklapte
kaken leit Fryslân der nearne hinne.
Nachtsusters yn in sanatoarium, sprekkers
op jirpelkistjes sille jim wêze.
Fryslân genêze wurdt in spul fan lang
en wiis en hellich ingelengeduld.

Mar hark! Der sit altyd wol earne dize
yn ‘e grûn, in fertelling fan wadi
dy’t jûns, as jim rêstend op chaises longues
de sinne mei syn toarstige amers
troch ferdôve notiid sakjen sjogge,
syn taal fan buorkjen út ‘e djipten sjongt.
Dan glimket dit lân wer as in kuststreek.
En as de grouwe mûzebiter de nacht
yntsjantelt as in skaad dat net loskomt
fan syn rôverseach, dan komme jim oan
by de leechte roppich om ús te bereizgjen.
Jou jim dan oer, want dit is de polder
dy’t gol is mar faak slim ûnwennich gûlt
as in gipsy oan ’t keatling fan in honk.

© Syds Wiersma

Werom út Fryslân

Foarige wike slute Jan Kooistra him oan by RIXT. Jan wennet op it stuit yn Amsterdam. Yn de jierren 80 en 90 wie er redakteur fan it Frysk literêr tydskrift Hjir. Hy publisearre fiif dichtbondels: Ballads (1981), De sulveren apels fan de moanne (1984), Dame fan myn dagen (1992), Gershipper (1998) en Blues fan ‘e sângrûn (2014). Yn de earste beide bondels brûkt er benammen it Wâldfrysk, de taal fan syn bertestreek. Nei’t er lêsten in dei as wat yn Fryslân west hie, skreau er it folgjende gedicht.

 

WEROM UT FRYSLAN

en se seit: wat hast sjoen leafste
en ik sis: mûzefalken yn alle tinten
ljochtbrún, hazzenút, buffelkleur
op pealtsjes of parmantich yn it lân
en buordsjes met de hân beskreaun dy’t nei
pleatsen wize foar Bildstar of Irenes
en hekkelhûden stjerrend yn ‘e barmen,
meanmasines fan stynske weet en ferlitten
bougrûn mar minder kij as in moanne lyn
oh ja, en skiep, in hiel soad skiep
mei reade rêgen
reade? seit se, sichtber kjel wurdend
och, sis ik, ’t is niks, it wol sizze
dat it sie wer struid is en de dea
wer smoard is yn de kym
hè? seit se en ik sis: kom, wy geane
ik ha sin oan laam en geitetsiis

© Jan Kooistra

Oer minsken en bargen

Gerrit de Vries stjoerde hjoed it folgjende gedicht yn.

 

gjin folle boat
mar bern dy’t boartsje mei in klompskip
nei swimles geane sûnder swimfest
sûnder eangstme foar de djipte
fan de see

minsken sprekke frjemde talen
froulju en manlju
net langer hoedsum
nodzje har pjutten
binne grutsk
en libje

gjin bom dy’t springt
mar bern dy’t toutsjespringe
net swalkje troch woestinen
mar sitte yn in sânbak
net tusken de ruïnen
mar de sânkastielen
dy’t se bouwe

se boartsje fersideplak
mar hoege har net langer
te ferskûljen

dat sjocht de bargekop
dy’t hinget oan it stek
by it AZC

Wolkom

seit de kop
en lit jo eigen kop
jo ear net hingje
nei al dy oare bargekoppen
dy’t bargekoppen hingje

© Gerrit de Vries

Fucking Brilliant

23 maaie 2018
De Fonteinen sproeie. Fryslân is mei stip binnenkommen op de hitlist fan Lonely Planet.  En, as wie it sa betocht, hjoed is it Legacy Day yn LF2018. Syds Wiersma, ús dichter fan de moanne maaie, jout koart kommintaar.

 

FUCKING BRILLIANT

It dogma is: dy Friezen tinke âld,
hoe sil soks kultureel in haadstêd runne?
It mom wie: IK bring jim de hegere wrâld
fan wiere keunst, hâld toch op mei dat klunen.

Sa dindere de Tilroe Tilbury
by stedskommisjes del, net om te learen
oer wat in mienskip wol, mar yn ‘e hurry
de Fries ta smaak en skientme te bekearen.

It resultaat: in iendiminsjonaal
gemiich fan kitsjerige metafoaren,
en ‘t safolste Alvestêdekabaal
om alle tsjinaksel yn slym te smoaren.

Oh lonely planet of the wandering kind,
these fountains spray our fucking brilliant mind.

© Syds Wiersma

Wer bern

Dit fers waard skreaun yn in kâlde febrewarisrite en giet no de ‘wrâld’ yn om’t de simmer op kommende wei is, sa no en dan al oeribel syn bêst docht en aanst ek samar wer oer wêze sil.

WER BERN

Sân wurdt aanst wer waarm
stoot dan op ‘e nij
sil ús de skonken skjirje

wy laitsje werom nei weagen
wiuwe mei helmgers mei
turvje wynfearren boppe ús holle,
bin de tel al gau wer kwyt
– see ferdrinkt ús stekjes

dan bêdzje ik foar dy de brâning del,
mar wetter jout om sizzen neat
baas bin ik net of raas te hurd
do seist: lit mar gewurde …

wy kuierje de dunerige del
oer hurde ebberibbels hinne
werom troch fonken floed
de moaiste skulpen meie mei
tsjin gatten yn ‘t ûnthâld

earst nei pikefel en
nije eb jouwe wy ús ôf

oan de râne fan it strân
wiet-ferwurden sânkastielen

© Henk Nijp

Lit dy net ôfskrikke jonge

Geart Tigchelaar is sels in toerfytser yn ieren en sinen en is dêrom nuvere kjel wurden fan de brute moard op twa fytsers yn Meksiko. Op syn tochten hat er just allinnich mar ûnderfûn dat der noch in hiel soad gollens en goeds yn ‘e minsken sit. Hy ferdomt it dêrom ek om dat betrouwen – of naïvens? – te ferliezen, mar feit is wol dat men altiten wach wêze moat, blykber.

 

LIT DY NET OFSKRIKKE JONGE

mear frijheid silst noait krije jonge
as it ritme fan de trapers
fan dyn healbizen trekkingfyts

de lânskippen binne wreder
as de antlitten fan bewenners

helje dy yn mei bôle en bier
laapje dy en krigest in tút
mei in pûdfol apels derop ta

kilometers swit en asfalt
wurdst mar noait ynhelle
troch in wâd of flokwurd

lit dy net ôfskrikke troch spûkferhaal
searjemoardner yn Sweedsk bosk
fan al mear as tsien jier lyn
rin net fuort foar elanden
tsjek dy wol alle jûnen op tiken
benammen by de sek
dêr is it ommers lekker waarm
seit de faam dat ek net

lit dy net ôfskrikke jonge

sjoch wol efterom
skôgje de loft
skûlje foar it swurk

skerpe knyften binne der genôch
mar net safolle as in glimlaits

© Geart Tigchelaar

Echte helden

8 maaie 2018
Syds Wiersma is ús dichter fan de moanne maaie 2018. Yn syn earste moannegedicht sjocht er werom op 4/5 maaie. Oanlieding foar syn gedicht is it yndrukwekkende ferhaal fan Gerard van der Veer sneon 5 maaie yn de Blokhúspoarte. Dy fertelde oer syn mem, dy’t yn de oarloch koerierster wie. Mar se woe neat fan in heldenstatus witte. Se sei in kear: ‘Ik hie it net gau wer sa dien, fierste gefaarlik.’ En: ‘Echte helden binne seldsum moatst witte.’ Gerard fertelde sneon ek it ferhaal fan fersetsman Jan Evenhuis (1896-1944), dy’t yn syn eagen in echte fersetsheld wie. Syds brûkte de útspraak fan Gerard syn mem as kaairigel yn it folgjende gedicht.


Jan Evenhuis

ECHTE HELDEN

De sinne sakket happich oer Froubuorren
wylst ik de ôfslach Alde Leie nim.
De jûn fan fjouwer maaie, wer dy stim
dy’t seit: ik ha se stean sjoen tsjin de muorren

en wist net wa’t ik wie, de bange fint
foar ’t fjoerpeloton of dy oare skiter
dy’t as syn baas blaft as de soademiter
mei ’t plennen fan in razzia begjint.

Fan ûnrjocht siedt it bloed, mar wat soe ‘k dwaan
as boalsfeinten my op ‘e bealch sitte?
Echte helden binne seldsum moatst witte,
witst noait wa’t swije sille en wa’t slaan.

De sinne leit bedobbe yn it Bilt,
âld diken fykje troch it frije fjild.

© Syds Wiersma