Wy binne wolf

De wolf is werom yn Fryslân. Op ferskate plakken yn it suden en easten fan de provinsje binne se sjoen, binne deabiten skiep fûn. Yn maaie is op in geheim plak yn ’e bosken yn Drinte in wolf foar syn hoale mei in ferburgen kamera filme. In nije oanwizing dat de wolf net inkeld troch ús kriten omswalkt, mar him ek te wenjen set.

André Looijenga is dichter fan de moanne augustus by RIXT

@ Staatsbosbeheer

 

wy binne wolf

wy binne wolf
jim skûlje efter hagen, foarby de bosk
jim ha triedden spand, swarte diken getten
jim raze op ljochte tsjillen foar de nacht út
jim sitte yn ’e strûp fan it trochklik-ies
jim wachtet de kâlde tosk fan wyldernis
wy binne wolf

wy binne wolf
jim fergaderje op ynstituten yn jim woastyn
jim woekerje it gers, rôvje aaien, de boaiem leech
jim hingje oan ús sulveren tillefyzjebyld
jim fersitte dei en oere, frettende
wy binne wolf

wy binne wolf
jim tidigje op ús kommen
jim stoareagje troch fierrekikers, kamera’s
jim offerje gjin fjildfruchten mar skiep
wy binne wolf

wy binne wolf
wy gnuve, wy strune
wy bin mei minder, wy binne hear
wy binne wolf

André Looijenga

A poem by Kristina Kočan translated into Frisian

Foto: Kristijan Robič

Kristina Kočan (1981) is a Slovenian poet from the city of Maribor. For the European literary exchange project Other Words she was in Friesland for a few weeks. On Friday the Bildt poet and journalist Gerard de Jong showed Kristina the beautiful Bildt region, along the northern Frisian coast.

On Saturday Kristina was invited by a few RIXT-poets for a poetry session at the Swetteblom, an ecological farm and a camping site on the western banks of the Swette. This hidden spot in the Swette polder is located a few kilometers south of Leeuwarden. It was an inspiring afternoon and evening, with talks about poetry writing and an exchange of each other’s work. The meeting culminated in an attempt to translate one of Kristina’s poems into Frisian. The poets André Looijenga, Pier Boorsma, and Syds Wiersma managed to make the following joint translation of Poznopoletne Prostosti, a beautiful poem about children playing in the corn fields of August. The day after, during Kristina’s reading of poetry in the Language Pavilion MeM, she and André read the poem in Slovenian and Frisian. Today we publish it on RIXT.

Poznopoletne prostosti

v avgustovskem večeru otroci
vzklikajo vreščijo nekje
daleč na travniku
se v labirintu
koruznega polja
igrajo skrivalnice štorklje
jih v visokem preletu
tiho zapuščajo
en otrok je vedno tisti
ki se med koruzo pritaji
pozabi na igro
za par trenutkov
vsrka vase vonj
poznopoletne prostosti puhteče
toplote na koži
nog v kratkih hlačah
ko se igra bliža h koncu
so vsi otroci najdeni ta otrok
pogleda za starodavno izgubo
ki bo trajala skoraj leto
na hitro zagrebe
toplo suho zemljo
nese k obrazu
povonja jo z nosom in
odprtimi usti

© Kristina Kočan


Let simmersk frij

op in augustusjûn bern
geie wyld, raze erges
in ein it lân út
fersideboartsje yn
it labyrint fan
in maisfjild earrebarren
fleane heech oer se hinne
litte se stil achter
der is altyd ien bern
dat djipper skûlet yn it mais
en it boartsjen ferjit
hiel even
opsnúft de geur
fan it let simmersk frij wêzen
de dampende waarmte fan ‘e hûd
op koartebroekeskonken
wylst de boarterij lûkt nei de ein
wurde alle bern fûn dit bern
sjocht omheech nei it oerâlde ferlies
dat hast in jier duorje sil
bringt gau in hantsje
waarme drûge
grûn nei ’t gesicht
priuwt it mei noas en
iepen mûle

© Oersetting:
André Looijenga, Pier Boorsma, Syds Wiersma

It is further worth mentioning that the translation session at the Swetteblom ended with a short walk through the meadows of the Swette polder. Kristina wanted to spot the Ljip, the Lapwing, once Friesland’s ‘national’ bird, but now having hard times to survive in Friesland with its enduring focus on monoculture grassland and intensive livestock farming. The small group of bird spotters managed to find some Lapwings that were already gathering in the Swette polder to migrate to their winter residence in the south. At the moment Kristina is working on a poem about the Ljip and its mystical cry.

It fuotbal en de sinne

Ik koe net mar hie der oars wol by west, de fertoaning fan de film Redbad op it Zaailand yn Ljouwert. Like in goeie kombinaasje, de lokaasje en de film. Mar ja, om der no foar nei de bioskoop te gean.

Of de flop hielendal ferklearre wurde kin troch it WK Fuotbal en it moaie waar sa’t de makkers beweare is fansels mar de fraach.

It fuotbal en de sinne

it leit oan it fuotbal en de sinne
twa konkurrinten dêr’t jo
yn ’t foar neat oer sizze kinne

it leit net oan it ferhaal

der sit gjin wurd spaansk by
om fan it frysk mar te swijen

it leit net oan de styl

premjêre op it plein
it byld stiet op it netflues
wy ha de wrâld
en tsien jier oan tiid

© Marc Kooij

Jannewietske

‘It is in âld sizzen dat alle hâlders fan ’e kultuerportefeuille har legacy neilitte wolle: de kulturele swietrook dy’t hingjen bliuwt as hja al lang wer plakmakke ha foar in nije machthawwer. Sa ek ús âld-deputearre fan Kultuer. Op har rücksichtlose fjildtocht om foargoed it provinsjaalsk imago fan Fryslân ôf te brûzjen en in epysk nij kultuerryk te bouwen, ferbaande hja súksesfolle kultuerskippen efter har. Unbemind ferstruts har amtstermyn. Polityk emploai siet der net mear yn. Mar ried no ris? Se is der wer!’

Jannewietske

O harkje nei dit tragysk liet
oer ûnk en wanregear.
Se is werom dy’t fier fuort siet:
se is mei ús net klear.

De finsters-iepen!-âldregint
dy’t iet mei hear en prins
har machtich eachweid wie bekend:
hja seach gjin steatsmansgrins.

As sinnekeningin fan keunst
– lês: sirkus, bûter, brea –
foel ’t Fryske boek gau út har geunst:
de fik yn ’t âldlânsk hea!

De keizers klean it ideaal
waard ’t mesenaat healwiis,
ús belletry yn deade taal
ferlear syn skjintmepriis.

De mienskip krige hiel har hert
mar ’t doarp gjin sutelboek,
want kroaden koene langer net
by ’t window-dressed Afûk.

Doe fong hja de profyttoerist
en bûgde ’t gânse gea.
Sa kaam har farwol blomfergnist
koe hja by ’t blomt gjin kwea?

Ja wis! De lichtste fakatuer
fol show & poppekast,
hja kaam! Gjin floara, gjin kultuer:
in boargemasterpost!

Friduwih Riemersma

kinst mar better dichter wêze

De simmer nimt ekstreme foarmen oan en as wy de wittenskip leauwe meie, dan kinne wy tenei soks folle faker ferwachtsje. Wylst it swit ús dichters op it papier of toetseboerd dript om dy iene moaie sin derút te wringen, moatte wy al bliid wêze dat net yn ’e folle sinne hoege te dwaan.

Foto: Geart Tigchelaar

kinst mar better dichter wêze

tjirgest it behang
slikkest stisel út ’e eagen

kraskjende pinne ferflokt
dyn trommelfluezen in skuor

mei de klopgeasten
fan hege hakken op parket

inkeld in sigentsje
mei fierôf famkeslûd

de mage draait
it wurd moat earst

smoard wurde
yn iepenteard skjirpapier

it harkenieltsje is net grutter
de dagen binne net koeler
it skriuwen wol net better
dyn passy is net fjurriger

in glimp troch it souderrút
de reade nekken
de switplakken
fan de strjitlizzers

en dyn soargen binne oer

© Geart Tigchelaar

Waarmje myn tean

Ien oanlieding foar it skriuwen fan ‘Waarmje myn tean’ wie it bekend wurden fan it safolste gefal fan in politikus dy’t de fout yngongen is mar sels tinkt dat er neat ferkeards dien hat. De skriuwer sjocht in patroan en siket foar himsels in wei om it treurige fan de ûnoplosberens fan de situaasje net om slaan te litten yn synisme.

waarmje myn tean

waarmje myn teannen do waaiende wyn
de rjochter hat ferlet hy raast
en boldert oer it fjild it meast hat er ferlet
fan rêst yn syn kâld berekkenjend hert –
waarmje him as earst fersin dy net –
hy is de grutste tean en raast it meast mar is it hiele lichem net

helje waarmte út de sinne en de stjerrende grûn
en út de healwize man fan tweintich miljoen
hy stiet as in toer mei de kop krekt boppe wetter –
wy swimme oer de boaiem fan it bêd –
syn maten sitte der ek ta de nekke ta yn mar sjogge it
nei eigen sizzen better
draai se om as leinen se op
de barbecue en waai do waarme wyn

(ien tenoar)
waarmwaaiende wyn
nim waarmte fan my
lit my myn teannen waarmje
oan dy

(trije tenoaren, fiifkwarts)
o waaiende wyn
do waaiende wyn

ja waarmje myn opsteande teannen
en kom der dêrnei troch myn noastergatten yn
lit my dy fiele my myn krêft nedich hawwe
myn spieren spanne moatte yn ferset tsjin de goaden –
harren tongerjen muzyk harren ljochtsjen bleek trochskinend wyt –
ik ha myn eagen
ticht en ik ha dy

© Marc Kooij 2018

 

Donderpreek

Syds Wiersma stjoerde hjoed it gedicht Donderpreek yn. Syn ynlieding op it fers: ‘Marianne Thieme beneamde it mar wer ris, ôfrûne moandei yn har opinystik yn de LC: As CDA, LTO en Rabobank oan de ûnderhannelingstafel sitte, wurdt der net praat oer ynkrimping fan de feesteapel. Wylst it ien fan de wichtichste punten is as it giet om it werombringen fan de broeikasgassen en it heljen fan de klimaatdoelen. En dan hjoed. Fryslân priuwt de jittik fan de neoliberaal-griene wyn dy’t sûnt koart troch de VVD waait: Nij Hiddum-Hou moat der komme, sizze de Fryske Steaten. In grut wynturbinepark yn in âld kultuerlânskip, oer de hollen fan de measte bewenners hinne, mei alle ûnwissichheid dy’t der is oer de ynfloed fan sokke turbines op de sûnens fan minsk (en bist). Wichtichste argumint om it plan trochgean te litten: oars misse wy subsydzjejilden. Ha jo wol oait! In VVD-deputearre en VVD-steateleden (en alle oaren dy’t achter it Kolleezje oanrinne) litte aaklike lânskipsplannen trochgean, omdat der oars subsydzjes misrûn wurde. Liberalen en jild, it bliuwt tricky business. It is in dei foar in donderpreek.’

Donderpreek

As ’t CDA oan tafel sit, bid dan
dat net de LTO, of folle minder
ploechlieder Rabobank in strang O BLINDER
NEE yn de hoarich skerpe earkes fan
de dames en hearen kristenen flústeret.
Klimaatwet? Wêrom net? De Heare syn Wet
ropt rintmasters. Mar minder yn ‘e pet?
Gjin boerebank dy’t noch nei dûmny lústeret.

En sitte liberalen foar, wês wach
foardatst it witst swypskaadzje boppe minsken
wynmeunsters, leit de sinnefrek syn winsken
swetten út, falt de mienskip slach op slach.

O ja, it driuwt, ús Hegere Transysjesaak
mar god, de Mammon en de Griene Draak.

© Syds Wiersma

Proefknyn

Dit gedicht fan Rein de Lange is makke nei oanlieding fan it stil protest yn kninemaskers tsjin de wynmeunsters dy’t by de kop fan de Ofslútdyk drige te kommen.

Proefknyn

it stampen is ferstomme
raze en roppe
de koekuten fan it sêfte plúsj ôf

in tinne wyn waait troch har wjukken
de tritich mûnen skitterje
as sulverstikken yn it swarte skaad

yn it fjild de kninen, wachtsjend
op de izeren poddestuollen
dy’t giftich om har hinne slaan

© Rein de Lange

De switdrip

Duorsumens is in hot topic tsjintwurdich dêr’t mei skoard wurde kin yn ’e polityk. Hiel moai en de politisy moatte it ek fral oankaartsje, mar it is de ekonomy en benammen de boarger dy’t it oernimme moat. De saneamde Elfwegentocht rint fan 30 juny oant 14 july, mar wannear’t men bygelyks troch hokfoar stêd dan ek fytst is it ien en al ‘âlderwetsk’ motorisearre ferkear. De omslach moat plakfine foar’t it te let is. As it net al te let is.

 

De switdrip

Doe’t ik in sneintemoarn yn july ûnder it hurddraven
stroffele op in betonreed troch de greiden seach ik efter-
om wat mooglik de oarsaak west hie. It wie blykber net
in brede naad, sa’t ik tocht hie mar in switdrip. Ik wer-
kende it fuort út myn tiid doe’t ik skjinmakker wie by
in grut skjinmakbedriuw en ris it gemeentehûs himmelje
moast. It wie in kliemige drip fan in politikus. Troch myn
ûndersykjend aard seach ik fuort op Twitter dat twa depu-
tearren hjir op ’e tandem delkommen wienen. It tegeltsje
by ús heit en mem yn ’e koken kaam my wer foar it net-
flues dat in skeet noch gjin biogas is as der net marketing
efter sit.

@Geart Tigchelaar

It sil wêze

Tsjisse Hettema skreau ûndersteand gedicht oer de Elfwegentocht dy’t kommend wykein hjir yn Fryslân syn apoteose krijt. Hettema leaut net dat sokke symboalyske, solistyske aksjes fertuten dogge. It skjirret neffens him tsjin it braafste jonkje fan ’e klasse oan.

It sil wêze

der sil wêze, no ja
de Aldehou
sil wêze
in grut symboal fan
in wrâlds
tinken

dat sil wurde
ús takomstich, no ja
byld fan ússels
in foarútskode naasje
fan in skjinne, sûkerskjinne
provinsje fan ynwenners
yn in grutter gehiel

wat liket dêr op
in mishipte gedachte fan foarútgong
foarop te rinnen

stiet dêrom dy toer al tiden
bryk
dat wy al dat
krewearjen
mei in skeaneach besjen moatte
no ja, dat sil wurde
in heechtijdei

© Tsjisse Hettema