Marc ‘Keu’ Kooij

Marc Kooij (berne Snakkerbuorren, 18 febrewaris 1966) hat him nei it Atheneum artistyk bejûn op it mêd fan film, muzyk, skriuwen en toaniel. Dat die en docht er sawol solo as yn gearwurkingsferbannen lykas De Zoete Hanen (komponist, performer) en Wyld Hynder Films en yn bands as Intolerant, Utpunkt en de Legendary Jerks. Dêrneist is er aktyf mei webdesign en it begelieden fan minsken, û.o. op kompjûtergebiet. Syn webside is https://www.djkeu.nl

Ynstjoerde gedichten
Alfred
Waarmje myn tean (20 july 2018)
It fuotbal en de sinne (31 july 2018)
Skuorren folgje it túch (22 maart 2019)

ALFRED

ik kaam Alfred tsjin hy hie in goed sin
hy sei Keu jonge
trije hynders lûke de wein
trije hûnen pisje oer dyn kiste
trije katten frette oan dyn fuotten

hast dat sels sjoen?

Keu jonge
trije froulju fjochtsje om dyn bêd
trije manlju smite bilen nei dyn hert
trije stjerren bringe dy nei it easten

Alfred, bist dêr wis fan?

Keu
trije ferskes ta dyn eare
trije brieven mei dyn namme
trije meldijen mei dyn gloed
trije skippen farre op dyn jild

ik liet it yn my omgean en tocht
trijeentritich trijehûndertentrijentritich trijetûzendtrijehûnderttrijentritich
trijeentritichtûzendtrijehûndertentrijentritich trijehûnderttrijentritichtûzendtrijehûnderttrijentritich
skepen

en ik tocht
dizze is foar Alfred

trije tunen
fol mei dyn blommen
trije sankjes
oer leafde en smert
trije hannen
striele dyn hert
dizze is foar Alfred