Simon Oosting

Wennet en wurket om utens, gauris ek yn it bûtenlân. Hy skreau de bondels Rauwe fisken op wynfearwolkens (2007), dêr’t er de Fedde Schurer-publykspriis 2008 foar krige, en Hûnewacht (2012). Yn 2004 wûn er in Rely Jorritsmapriis foar de syklus Yn ’t foarbygean. Wriuwings tusken tichtby en fier, tusken bliuwe en gean en tusken ferline en takomst binne weromkommende tema’s yn syn wurk.

Ynstjoerde gedichten
Long time no see (16 jannewaris 2018)
Wizer de hope foarby (8 maaie 2019)
Sûgen en oksen (23 maaie 2019)

 

LONG TIME NO SEE
I

bûten is snie en de hege gebouwen binne as bergen foar it dal hjir Starbucks yn E street
de ramen binne moai en heech mar der is net folle ljocht om trije oere middeis
drinkt in man mei burd kofje mei syn kompjûter sit as in bochelman fan Bosch
in oare man is swart en griis as ik en as de snie dy’t op ’e stoepen raant hy praat tsjin de romte
deklamearret in fers soe it wêze kinne of in monolooch út in grut teäterstik
de boadskip is oars as wat we fersteane de baas efter de bar sjocht it steurt my net
giet mei kofje meitsjen troch it is it lot fan dit plak profeten fan E street