Marije Roorda

Marije Roorda (1948) spile by it kabaretselskip Samar, wurke yn it Spesjaal Underwiis en letter op in silend charterskip. Se folge skriuwkursussen foar proaza en poëzij. Publisearre har wurk yn sammelbondels en tydskriften en wûn twa kear mei in gedicht de Rely Jorritsmapriis. Yn 2017 ferskynde har debútbondel In spantou om ’e tiid. Gedichten, dêr’t lânskip en wetter har bestean yn spegelje. Graach wurket se gear mei oare keunstners. Ferbynt se poëzij mei harren wurk en lit dat op eksposysjes sjen.

Ynstjoerde gedichten:
Once in the wetlands (maaie 2018)
Frou yn byld (maaie 2020)
It hiem (27 septimber 2021)

 

ONCE IN THE WETLANDS

Lei it oan it nije nammebuordsje
tichtby hûs dat it bûtenfjild my
op in oar spoar sette?
Ferrifele my de fertroudheid fan
it somplân net doe’t ik dêr ris
kuiere mei freonen út Lowestoft?

Wat krûdiger rûkte fan in feanpoel
de liiflucht en peatske de grûn my licht
ûnder de fuotten fernuvere my it lûd.
In freon skouderlûkte en sei ─ of course
sense of place, the same as with us.
Wilens joech syn taal the Wetlands
achter hûs in bûtenlânsk gesicht.