Hinke Veenstra

Hinke Veenstra is yn 1958 berne yn Garyp en wennet sûnt 1993 yn Drachten. Klank, kleur en foarm spylje in grutte rol yn har libben. Dat is net allinnich werom te finen yn har gedichten en fotografy, mar ek yn har skilderijen. Hinke har wurk giet oer har sykjen nei de betsjutting ‘efter de dingen’. In oantal teksten fan har binne op muzyk set en te finen op YouTube.

https://youtu.be/JMG9-waIINU
https://youtu.be/ztnwdENPWcg
https://youtu.be/oVbG5Q9EqjY

Har wurk is in utering fan it yntuïtive, naïve en puere sjen en belibjen fan de wrâld. De fotografy stelt it deistige sintraal, mar jout de taskôger dêryn faak in net alledeiske ynfalshoeke. Har debútbondel Lang om let, mei gedichten en foto’s seach yn 2015 it libbensljocht. Yn har deistige blogs nimt se de folgers mei yn wat se sa al tsjinkomt yn har libben. Sûnt koart hat se der live-opnames oan taheakke fan mominten wannear’t se spontaan yn petear rekket mei minsken dy’t op har paad komme. Yn de moeting leit har bestean. Hinke hat yntusken plannen foar in twadde bondel. Wa’t mear fan har wurk en har achtergrûn witte wol, is wolkom yn har firtuele (diel) hûske www.hinkeveenstra.com

 

MAITIID

suver neaken
makket se har yntree
krekt of komme we
har oer ‘t mad
ûnopfallend nimt se
har posysje yn
it hat mei skamte
neat te krijen
se nimt de tiid
har mei laachje
foar laachje
oan te klaaien
en docht dit
mei belied

foar de taskôger
soms in tergjende tiid
hja wolle har waarmte fiele
mar se lit har net driuwe
troch minske of maatskippij

har outfit
moat yn alle fasetten
it natuerlike proses
trochrinne
en folslein foldwaan
oan de dresskoade
dy’t de maitiid
sa eigen is

(út de bondel Lang om Let, 2015)