Hidde Boersma

Friese Pers Boekerij joech trije boeken fan Hidde Boersma út: in dichtbondel, een bondeling koarte ferhalen en in roman. Poëtysk, humoristysk en filosofysk. Hidde syn mei soarch út ‘e losse pols dosearre brouwsel makke him ta de útfiner fan it Doedeïsme. De kearn fan dy stream: in Doede is heechút Doede-achtich, mar lykwols noait ûnwierhaftich.

Lês mear op: https://boursmoi.nl

Ynstjoerde gedichten:
Wolkom by de Algerijn (maaie 2018)

 

WOLKOM BY DE ALGERIJN

As je nedich pisje moatte
kin dat yn Europa
by de measte ynlânske útbaters wol

Mar je komme fan dy types tsjin
dy’t jin de tagong wegerje
of der jild foar hawwe wolle

Dat barde my niiskrekt
hjir yn Dieppe by in hotel
bekroane mei trije stjêrren
en bemanne troch frânske frânsen

In pear hûzen fierderop
by de Algerijn
soene se my freonlik deryn litte

Dat wist ik
en dat diene se

Dieppe, 12 08 2017