Grytsje Schaaf

Foto: Tryntsje Nauta

Grytsje Schaaf (1979) is arsjitekt, dosint, dichter en keunstner. Se publisearret regelmjittich har poëzy. By foardrachten kombinearret se har gedichten faak mei performance. De ôfrûne jierren wurke se gear mei ferskate keunstners, dichters en muzikanten yn bygelyks Tsjinlûd en yn projekten foar Lân fan Taal. Sûnt 2018 makket se sawol selstannich romtelik wurk, as wurk yn opdracht mei har eigen buro ‘Romtlik’.  Yn har wurk is romte in weromkearend tema, sawol yn ynhâld as yn fysike foarm. Yn har ynstallaasjes kriget har taktile poëzy in romtelike delslach, wêrby’t materiaal, karakter, observaasje en ynterpretaasje skerp ta libben komme.