Wêr stean wy foar?

Dichterskollektyf RIXT is in breed platfoarm fan Fryske dichters. Wy skriuwe en publisearje gedichten oer aktuële saken yn en bûten Fryslân. Wy toane de fitaliteit en aktualiteit fan de Fryske poëzy oan in breed publyk.

Wy binne in iepen kollektyf. Wa’t poëzy skriuwt yn it Frysk,  in Fryske streek- of stedstaal of in oare taal yn Fryslân kin har/him oanmelde. Wy hawwe in redaksje dy’t derfoar soarget dat de kwaliteit fan it ynstjoerde wurk dat wy op ús webside publisearje op nivo is.

Wy nûgje yn it bysûnder begjinnende dichters út om har by ús kollektyf oan te sluten. Der sitte betûfte dichters by ús groep dy’t begjinnende dichters begeliede en fierder helpe kinne.

As platfoarm binne wy belutsen by ferskate projekten dêr’t Fryske poëzy in rol yn spilet. Wa’t mei in projekt dwaande is en der gedichten of dichters by siket, kin kontakt mei ús opnimme. Wy tinke graach mei en kinne de kontakten mei de dichters lizze.

Wy ha de ambysje om de Fryske poëzy de kommende jierren ynternasjonaal op de kaart te setten. Wy fine dat de Fryske poëzy de kwaliteit hat om op poadia bûten Fryslân te klinken. Wy leauwe dat mear ynternasjonale kontakten en útwikseling de Fryske poëzy fitalisearje sil.

Us biedwurd is in sitaat út it gedicht Buenos Aires fan de Fryske dichteres Rixt (1887-1979):

Wa binn’ myn maten op dy wylde feart?
Wa binn’ mei my, dy’t wyn noch romte keart?

Rixt, De Gouden Rider (1952), s. 41