Wa wie Rixt?

Portret Rixt

Rixt (1887-1979) wie in Fryske dichteres mei in lyts mar opfallend oeuvre. Har iennige dichtbondel De Gouden Rider krige yn 1953 de Gysbert Japicxpriis, de heechste Fryske literêre ûnderskieding. Rixt (ps. Hendrika Akke van Dorssen) publisearre har earste gedichten yn de jierren tsien fan de foarige ieu. As jonge frou yn in behâlden Fryslân, dat neffens Rixt fierstente dimmen, nuet en bedaard wie, hie se de moed om mei leafdesfersen en eroatyske lyryk nei bûten te kommen. Yn har dichtwurk fan de jierren tweintich en tritich toande se in fitalisme en in reizgersgeast dy’t tinken docht oan bygelyks Slauerhoff. Oant op hege jierren wie Rixt begien mei de Fryske literatuer en oanwêzich by literêre barrens. Sa waard se de ‘grande dame fan de Fryske poëzy’.

Troch har iepen blik, har ûnkonvinsjonele libben en wurk en har statuer ha wy Rixt as de beskermfrou fan ús dichterskollektyf keazen. Twa rigels út har gedicht Buenos Aires brûke wy as ús biedwurd:

Wa binn’ myn maten op dy wylde feart?
Wa binn’ mei my, dy’t wyn noch romte keart?

Rixt, De Gouden Rider (1952), s. 41