Oer RIXT

Wêr stean wy foar?

Dichterskollektyf RIXT is in breed platfoarm fan Fryske dichters. Wy skriuwe en publisearje gedichten oer aktuële saken yn en bûten Fryslân. Wy toane de fitaliteit en aktualiteit fan de Fryske poëzy oan in breed publyk.

Wy binne in iepen kollektyf. Wa’t poëzy skriuwt yn it Frysk,  in Fryske streek- of stedstaal of in oare taal yn Fryslân kin har/him oanmelde. Wy hawwe in redaksje dy’t derfoar soarget dat de kwaliteit fan it ynstjoerde wurk dat wy op ús webside publisearje op nivo is.

Wy nûgje yn it bysûnder begjinnende dichters út om har by ús kollektyf oan te sluten. Der sitte betûfte dichters by ús groep dy’t begjinnende dichters begeliede en fierder helpe kinne.

As platfoarm binne wy belutsen by ferskate projekten dêr’t Fryske poëzy in rol yn spilet. Wa’t mei in projekt dwaande is en der gedichten of dichters by siket, kin kontakt mei ús opnimme. Wy tinke graach mei en kinne de kontakten mei de dichters lizze.

Wy ha de ambysje om de Fryske poëzy de kommende jierren ynternasjonaal op de kaart te setten. Wy fine dat de Fryske poëzy de kwaliteit hat om op poadia bûten Fryslân te klinken. Wy leauwe dat mear ynternasjonale kontakten en útwikseling de Fryske poëzy fitalisearje sil.

Us biedwurd is in sitaat út it gedicht Buenos Aires fan de Fryske dichteres Rixt (1887-1979):

Wa binn’ myn maten op dy wylde feart?
Wa binn’ mei my, dy’t wyn noch romte keart?

Rixt, De Gouden Rider (1952), s. 41

 

Dy oanslute?

RIXT is in iepen dichterskollektyf foar dichters dy’t poëzy skriuww yn it Frysk, in Fryske streek- of stedstaal of in oare taal yn Fryslân.

Wolsto dy oanslute by Dichterskollektyf RIXT as dielnimmende dichter? Dat kin!

Hokker foardielen hasto as dielnimmende dichter fan RIXT?

  • Part fan in sterk dichterskollektyf yn Fryslân;
  • Aktueel en aktyf gedichten skriuwe;
  • In dichtersprofyl op de Fryske en Ingelske webside fan RIXT;
  • Mooglikheid om Dichter fan de Moanne te wurden;
  • Publikaasje op rixt.frl;
  • Dyn wurk kriget redaksje en korreksje foar publikaasje;
  • Mooglikheid foar útwikseling en begelieding as dichter by bygelyks Waailân;
  • Promoasje fan dyn optredens en publikaasjes yn it Nijs;
  • Kânsen om mei te dwaan oan dichtersprojekten fan/mei RIXT;
  • Kânsen foar optredens as dichter by bygelyks IepenUp Live;
  • Kânsen foar ynternasjonale optredens.

Hoe kinst dy oanslute by RIXT?

As begjinnende dichter/ dichter sûnder publikaasje:

  1. Meld dyn ynteresse oan by RIXT
  2. Stjoer in gedicht op nei de redaksje fan RIXT. As dy it fers goedkart en it gedicht is troch de korreksje, dan wurdsto as gastdichter by RIXT publisearre op ’e webside.
  3. Nei trije goedkarde ynstjoerde gedichten kinst freegje om dy oanslute te litten by Dichterskollektyf RIXT as dielnimmende dichter.

Hâld der rekken mei dat de redaksje dyn wurk ôfkarre kin foar publikaasje. De redaksje sil oanjaan om hokker reden(en) dat is en dy dêrmei ek stypje om it wurk te ferbetterjen. As itselde gedicht twa kear ôfkard is, dan is it útsletten fan publikaasje by RIXT.

As publisearre dichter:

Wolsto dy oanslute en hasto al poëzy publisearre by in erkende útjouwer? Stjoer dan in e-mail mei de fraach om dy oan te sluten by Dichterskollektyf RIXT as dielnimmende dichter.

 


Hâld der by it ynstjoeren fan gedichten foar de webside fan RIXT rekken mei dat wy in redaksje hawwe dy’t der foar soarget dat de kwaliteit fan it wurk op ús webside op nivo is. It stiet de redaksje dêrom frij om wurk te wegerjen of korreksjes foar te stellen.

Us redaksjeleden binne: Henk Nijp, Ina Schroders-Zeeders, Christa Niklewicz

Bist net oansletten, mar wolst in gedicht by RIXT publisearje? Dat kin as gastdichter. Gedichten wurde foar de redaksje foarlein foar publikaasje.

Foar mear ynformaasje of foar fragen kinst altyd in e-mail ferstjoere.

 

Kontakt

Kinst ús berikke op dit mailadres:
ynfo@rixt.frl

Ast in gedicht ynstjoere wolst foar de webside fan RIXT:
ynfo@rixt.frl

Wa wie Rixt?

Portret Rixt

Rixt (1887-1979) wie in Fryske dichteres mei in lyts mar opfallend oeuvre. Har iennige dichtbondel De Gouden Rider krige yn 1953 de Gysbert Japicxpriis, de heechste Fryske literêre ûnderskieding. Rixt (ps. Hendrika Akke van Dorssen) publisearre har earste gedichten yn de jierren tsien fan de foarige ieu. As jonge frou yn in behâlden Fryslân, dat neffens Rixt fierstente dimmen, nuet en bedaard wie, hie se de moed om mei leafdesfersen en eroatyske lyryk nei bûten te kommen. Yn har dichtwurk fan de jierren tweintich en tritich toande se in fitalisme en in reizgersgeast dy’t tinken docht oan bygelyks Slauerhoff. Oant op hege jierren wie Rixt begien mei de Fryske literatuer en oanwêzich by literêre barrens. Sa waard se de ‘grande dame fan de Fryske poëzy’.

Troch har iepen blik, har ûnkonvinsjonele libben en wurk en har statuer ha wy Rixt as de beskermfrou fan ús dichterskollektyf keazen. Twa rigels út har gedicht Buenos Aires brûke wy as ús biedwurd:

Wa binn’ myn maten op dy wylde feart?
Wa binn’ mei my, dy’t wyn noch romte keart?

Rixt, De Gouden Rider (1952), s. 41

 

Kolofon

RIXT Frysk Dichterskollektyf waard oprjochte yn 2018 en is sûnt 2019 in stifting.

It bestjoer fan de stifting wurdt foarme troch: Simon Oosting  (foarsitter), Syds Wiersma  (skriuwer), Tryntsje van der Veer, Ina Schroders-Zeeders
Bestjoersadres: ynfo@rixt.frl

Redaksje RIXT: Henk Nijp, Ina Schroders-Zeeders, Christa Niklewicz
Redaksjeadres: ynfo@rixt.frl

Webreager RIXT: Cornelis van der Wal

Audiofisuele foarmjouwing en korreksje: Geart Tigchelaar

Oersetter FR/ING: Trevor Scarse

Untwerp logo en hússtyl RIXT: Stefan Sloot

RIXT krijt subsydzje fan de Provinsje Fryslân

KvKnûmer: 73659533.

 

Beliedsplan

Beliedsplan

Kearnwearden

 

RIXT is in Frysk Dichterskollektyf. Wy wolle in platfoarm wêze foar elkenien dy’t poëzy yn it Frysk (of in Fryske streek/stedstaal) skriuwt.

Wy stribje dernei om de Fryske poëzy in better en oantrekliker gesicht nei bûten ta te jaan, biede dichters in poadium om te publisearjen en op te treden en wolle organisaasjes dy’t kultuer en literatuer yn Fryslân organisearje en programmearje oanfiterje om it potinsjeel fan de Fryske poëzy better te brûken.

Wy sykje dêrby struktureel de gearwurking mei dy organisaasjes. Wy binne in lús yn ’e jas fan it Fryske kulturele lânskip, mar ek in groep dy’t konstruktyf meitinke en meiwurkje wol om de potinsje fan de Fryske poëzy sa goed mooglik oan te boarjen en te brûken. Wy fertsjintwurdigje op dit stuit hast fjirtich Fryske dichters, fan ferskate leeftyd, sinjatuer en styl.

Wy wolle de Fryske poëzy aktualisearje troch de dichters fan ús kollektyf te stimulearjen om yn har wurk op aktuële saken binnen en bûten Fryslân yn te spyljen en de poëzy op plakken te bringen dêr’t se nei ús betinken te min klinkt.

Wy wolle leechdrompelich wêze, mar lizze de latte ek heech.

Wy wolle de Fryske poëzy de kommende jierren mear ûnder de oandacht fan nasjonale en ynternasjonale poadia en dichtersnetwurken bringe. Dêrby hoopje wy gebrûk meitsje te kinnen fan de ûnderfinings fan dichters binnen en bûten RIXT dy’t al ynternasjonale kontakten hawwe.

 

 

Wat sette wy útein?

Webside, social media en útjeften.

It sintrale publikaasjeplak fan RIXT is de eigen webside Op de webside ferskine alle moannen twa gedichten fan de moannedichter. It stietalle leden fan RIXT frij om gedichten foar de webside yn te stjoeren. Dy wurde beoardiele troch de redaksje (sjoch earder).

Alle gedichten op ‘e webside wurde ek pleatst op de social media fan RIXT: facebook en twitter. De moannegedichten wurdt opnommen op video en/of audio. Se wurde pleatst op YouTube en/of Soundcloud. RIXT wol besykje om no en dan it ‘bêste fan RIXT’ te bondeljen en te publisearjen. Publikaasjes sille safolle mooglik meartalich wêze, by foarkar Frysk en Ingelsk, mar mooglik ek yn oare talen.

Tuskentroch fersoargje wy lytsere, alternative útjeften. Bygelyks goedkeape, tinne cahiers mei oarsoartige foarmjouwing en typografy (foarstel Jan Kleefstra). Of poëzijkaarten dy’t wy by optredens fan RIXT útdiele kinne (in earste rige is al printe). Soks slút oan by ús doel om de Fryske poëzij mear ûnder de oandacht fan it publyk te bringen. PlatfoarmfunksjeRIXT hat in platfoarmfunksje foar organisaasjes/útjouwerijen dy’t it foarnimmen ha om poëzy –yn hokker foarm ek –te publisearjen of te programmearjen.

RIXT kin sokke organisaasjes mei ynteressearre dichters yn kontakt bringe. In resint foarbyld is de meiwurking fan RIXT oan it keunstprojekt Tabula Rasa. Yn de katalogusbondel stean bydrages fan santjin Fryske dichters dy’t reagearren op in oprop ûnder de leden fan RIXT om wurk foar it projektyn te stjoeren. De Gouden RiderDe Gouden Rideris de iennichste dichtbondel dy’t de Fryske dichteresse Rixt publisearre hat. Sy krige der yn 1951 de Gysbert Japicxpriis foar. Neffens ús kin de Gouden Rider in moaie nije Fryske literatuerpriis wêze.

Wy komme ynkoarten mei útstellen oer de aard fan de priis en de organisaasje der omhinne. Foarstel: It bestjoer fan RIXT rikt alle jierren in Gouden Rider út. Dejierlikse ferkiezing fan de Gouden Riderkin ûnderdiel wêze fan in dichtersevenemint, mei optredens fan ferskate dichters en in slotoptreden fan de winnende dichter. De priis kin ek keppele wurde oan it jierlikse Dichtersfestival dat wy hjir yn Fryslân opsette wolle (sjoch fierderop). It idee fan priis en festival wolle wy de kommende moannen besprekke mei in tal organisaasjes yn it Frysk-literêre.

 

Optredens en Projekten, poadia en festivals.

In ryk ferskaat oan publikaasjes is moai, mar om in breder publyk mei Fryske poëzy yn oanrekking te bringen is mear noadich. RIXT leit aktyf kontakten mei poadia en festivals binnen en bûten Fryslân en bringt dêr de Fryske poëzy ûnder de oandacht. Dat begjint al fertuten te dwaan. RIXT wie belutsen by ‘Kariljon en Dichters’ (juny2018), ‘Tabula Rasa’ (oktober 2018), it Greidhoek’ Festival (septimber 2018), in dichtersjûn fan Explore the North (6 oktober 2018) en ferskate optredens fan de Pauperfontein (Warkum, Drachten, Beetstersweach). Dêrnjonken hat RIXT in oantrunende rol spileby de útstjoering fan dichteres Janneke Spoelstra nei it festival Transpoesie yn Brussel.

Guerrilla-optredens RIXT oerfalt it publyk no en dan mei poëzij. Dat dogge wy ûnoankundige en yn lytse, wikseljende formaasjes. Mear as in jierappelkistje en inmikrofoan mei fersterker is net noadich. Wy neame it oant no ta guerrilla-aksjes, omdat it ûnferwachtse -it even yn aksje wêze en dan wer fuort -wat wei hat fan hoe’t guerrillagroepen operearje. Dichtersfestival RIXT wol yn gearwurking mei literêre organisaasjes en tydskriften yn Fryslân besjen oft wy yn Fryslân in jierliks dichtersfestival fan ‘e grûn krije kinne.

Ynternasjonaal

RIXT sil war dwaan om de Fryske poëzy de kommende jierren op ferskate nasjonale en ynternasjonale poadia te krijen. Uteraard meitsje wy dêrby gebrûk fan de ynternasjonale kontakten dy’t yndividuele dichters of organisaasjes de ôfrûne jierren opboud ha. Ynternasjonale netwurken/kontakten dy’t troch projekten lykas Tosta en Other Words al funksjonearje, kinne wy besjen op kânsen om de Fryske poëzy fierder ûnder de oandacht te bringen. Wy meitsje in longlist en in shortlist fan ynternasjonale poëzyfestivals/eveneminten/poadia dêr’t wy fan tinke dat de Fryske poëzy der de kommende jierren klinke moatte soe. Us twatalige webside is tige wichtich by it lizzen fan ynternasjonale kontakten.

De dichtersprofilen en de gedichten op ús webside jouwe in byld fan de potinsje fan de Fryske poezij en it dichterlik talint dat wy hjir yn Fryslân yn hûs ha.De sprong ynternasjonaal fine wy miskien wol wichtiger as de sprong nasjonaal. Wy tinke dat it Frysk as lytse taal, mei in rike poëtyske tradysje, goede dichters/performers en aktuële, regionale tematiken, hege eagen smite kin op ynternasjonale poadia.

 

Skouting en begelieding fan talint

It kommen/bringen fan nij talint is ien fan de swierrichheden dêr’t de Fryske literatuer mei te krijen hat. De posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis en yn maatskiplike, kulturele, yntellektuële en universitêre fermiddens is tige swak. Frysk skriuwen moat faak earst noch oanleard wurde. It publyk foar Fryske poëzij is lyts. Dat binne hege drompels foar talinten dy’t oerwage om yn it Frysk te dichtsjen. De ferlieding om foar it Nederlânsk of Ingels as skriuwtaal te kiezen is grut.

RIXT wol yn petear mei CEDIN en mei skoallen (fuortset en heger ûnderwiis) om skriuwtalint te skouten, stimulearjen en begelieden. Wy wolle dêrby net beheind tinke yn inkeld skreaune teksten. Benammen by de jeugd lizze folop kânsen om it Frysk te brûken yn cross-overs mei film, muzyk, teäter, spoken word, rap ensafh. De wille mei taal is it útgongspunt.Foar skouting en begelieding fan talint yn it fuortset ûnderwiis soe RIXT jierliks in dosint, dy’t har/him op in bysûndere wize ynset foar de Fryske taal, benammen as it giet om de kreaasje of foardracht yn dy taal, yn it sintsje sette kinne. Al fine wy dat skouting en begelieding fan talint yn it foarste plak by it ûnderwiis en de kulturele organisaasjes thús hearre –ek omdat minsken der dêr foar betelle wurde –sille wy, asder nije, talintfolle dichters op ús paad komme, besykje harren aktyf by RIXT te belûken en sa goed mooglik te begelieden om ta weardefolle bydragen te kommen, yn kreaasje, publikaasje of optreden.De leechdrompelige platfoarmfunksje dy’t RIXT delsette wol, kin oantreklik wêze foar jonge (en âldere) talinten. 9.Nije projektenRIXT wol de kommende jierren eksperimintearje mei nijsoartige kreaasjeplakken en -projekten foar Fryske poëzy. Wy wolle dingen útprebearje en ekperimintearjendewei ûntdekke watwurket en wat net. Wy wolle it publyk ferrasse en ha ferskate ideeën. Wy neame in pear mooglikheden. It bestjoer fan de op te rjochtsjen Stifting (of Feriening) RIXT sil in aginda fan projekten foar de kommende twa jier bepale. Dêryn kinne guon fan ûndersteande ideeën prioriteit krije.

Museumdichters

RIXT wol propagearje dat der by iepeningen fan wichtige eksposysjes yn musea of galeryen in Fryske dichter it wurd krijt en in aktueel fers foardraacht by it tema fan de eksposysje. Dichteres Elske Kampen joech op ús facebookside al in moaie foarset mei in gedicht oer it famke Zelle by de tentoanstelling oer Mata Hari yn it Fries Museum. RIXT sil musea en galeryen dit idee foarlizze. Bysûndere gelegenhedenBy bysûndere gelegenheden is geregeld ferlet fan in persoanlik (foardroegen) gedicht. Bygelyks by útfearten en kremaasjes. RIXT-dichters kinne by sokke gelegenheden in rol spylje by it jaan fan de persoanlike ‘touch’.

 

 

Sinteraasje

Rixt hat in oanrinsubsydzje fan €18.000 krigen fan de Provinsje. Dit is foar twa jier. Rixt wol yn dy twa jier wurkje oan in duorsume finânsiering fia projektsubsydzjes fan ferskate fûnsen. Ek it programmearjen fan dichters by bgl. Radio- en TV-útsjoeringen freget RIXT jild foar.

It fermogen fan RIXT wurd beheard troch de ponghâlder. Dizze is lid fan it bestjoer en jout by elke gearkomste útlis oer de stân fan saken. De sinten dy’t RIXT binnenkrijt fia projektsubsydzjes wurdt brûkt foar útfieringsûnkosten en honoraria. Ek kostet de ynrjochting en it ûnderhâld fan de webside jild.

Elk jier wurde de dichters fan RIXT ynformearre oer de finânsjes en wurde de sifers op de webside publisearre

Rixt hat gjin winsteachmerk.

Yn kêst 14 fan de statuten is ferwurde dat in mooglik likwidaasjesaldo bestege wurdt oerienkommend mei it doel fan de Stifting.

Bestjoersleden krije de makke ûnkosten fergoede. It grutste part fan de baten wurdt bestege oan projektkosten en honoraria fan dichters. Wol wol RIXT besykje in lytse buffer op te bouwen foar ûnferwachte saken.

 

Bestjoer

Edwin de Groot, foarsitter

Syds Wiersma, skriuwer

Ypie Haitsma-Bakker, ponghâlder

Ydwine Scarse, PR

Tryntsje van der Veer, Algemien Lid

Adres fan de Stichting: Tsjerkepaad 1, 8465PD, Aldehaske, 06 36 57 14 24

www.Rixt.frl

ynfo@Rixt.frl

info@edwindegroot.nl (foarsitter)

 

Ynformaasje oer it bestjoer: https://rixt.frl/kollektyf/kolofon/

Finansjes

Klik hjir foar it finansjeel oersicht 2019-2020 (pdf)