Syds Wiersma

Syds Wiersma (Grou, 1963). Yn it deistich libben filmargivaris, is de poëzij syn kreative ferwurking fan de bylden dy’t alle dagen oan him foarbylûke. ‘Foar my is dichtsjen in foarm fan ynkarnearje: in djipper oankommen yn de dingen, gedachten, gefoelens, relaasjes.’ Nei syn earste dichtbondel Alles wat ik net betinke woe (1992) en in time out fan 25 jier, binne der koartlyn twa dichtbondels fan him ferskynd: Raffelwjok (2016) en de twatalige bondel Twintig liefdes een Saudade /Tweintich leafdes in Saudade (2017). Fierders set er frij geregeld poëzij oer, bygelyks út it Spaansk en it Baskysk.

Oer syn dielname oan RIXT: ‘Ik hoopje dat in breed dichterskollektyf as RIXT, mei in fokus op it dichtsjen oer aktuele saken yn en bûten Fryslân, fernijing bringe sil yn de prekêre steat fan de Fryske literatuer. Yn alle gefallen besiket ús kollektyf de poëzij ûnder de oandacht fan in breder publyk te bringen. Dat wy dat mei sa’n grutte groep dichters dogge, fyn ik in goed teken .’

Ynstjoerde gedichten:
Ynferno (15 septimber 2017)
Trumpet City (8 desimber 2017)
Another day in Pyeongchang (23 febrewaris 2018)
Obe yn syn lân (2 april 2018)
Noardersingel 58 (4 maaie 2018)
Echte helden (8 maaie 2018)
Fucking Brilliant (23 maaie 2018)
Froulju fan Frijlân (28 maaie 2018)
Hylper badpaviljoen (17 juny 2018)
Donderpreek (18 july 2018)

 

 

NOARDERSINGEL 58

Der sit in buddha foar it tuorkesrút.
Mids leidakgriis en de spegeljende
beammen fan de Singel sjochst ‘m
op ‘e blanke rêch, ploaien yn ’t gewaad
wurde rimpels út ’n heal fergetten tiid.

Dit ferhaal hat gjin gesicht, de rêch wit
dat er op ‘e list fan tsien Joaden stie
en oppakt waard neidat der wat buordsjes
‘Voor Joden Verboden’ út Ljouwerter
parken pakt wienen, smoargejongesstreek.

It gerucht gie dat er fusilleard waard
yn kamp Amersfoart, mar wy witte no
syn hert joech belies foardat de oare
njoggen op transport nei Auschwitz gienen.
Hy hiet Aron Dwinger, dit wie syn hûs.

Der sit in buddha foar it tuorkesrút.
Mids leidakgriis en de spegeljende
beammen fan de Singel sjochst ‘m
op ‘e blanke rêch, as seit er: skriuw ús
foar de tsien fan Ljouwert in nij kaddysj.