Rein de Lange

Rein de Lange (Snits, 1969) wennet yn Surch en skriuwt ferhalen en fersen. Hy hat in bondel útbrocht mei de titel: 1969. Oan de hân fan myn heit. De earste twa jier fan syn libben hat er yn Warkum wenne en dêrnei yn Boalsert. Op syn santjinde is er by de Keninklike Marine gien. Hy hat jierrenlang fearn oer de wrâld. Letter hat er de oplieding dosint skiednis folge en is er ôfstudearre yn de Keunst & Kultuerwittenskippen. Op it stuit wurket er as beliedsadviseur en docht dêrnjonken ûndersyk nei ferskate ûnderwerpen dy’t te meitsjen hawwe mei skipfeart yn de 19e iuw.

Ynstjoerde gedichten:
Winterflecht (18 juny 2018)
Proefknyn (17 july 2018)


WINTERFLECHT

doe’t ik sei: ik gean no en dyn antlit
befrear traach op myn netflues
doe begûn myn kâlde flecht

de kreakjende stjerrenacht yn
dêr’t by de remize myn tas ree stie en
mei my gie it doe goed, rûnom sniewyt razen

fan de trein de winter út, ik hime
jit kjeld mar liet dy foar altyd
efter op dat kâlde perron