Pieteke de Boer

Al jierren wer is Pieteke de Boer dwaande mei poëzij en sûnt koart makket se hânknipte kollaazjekeunst. It leafst lit se minsken tsjin poëzij oanrinne wêr’t men it net ferwachtet. Koarte fersen mei kryt op in túnsket (skuttingtaal), pypskomletters yn ‘e sleat, krytstift op ruten. Yn 2016 wûn se mei it gedicht ‘De Bosk’ in Rely Jorritsmapriis. Yn 2018 wurket se mei oan de foarstelling ‘Sjen yn it tsjuster’ oer Tsjêbbe Hettinga en oan it Under de Toerprojekt yn Wommels: ‘De profylfoto fan Klaas’.

Oer har dielname oan RIXT: ‘Fryslân hat in protte dichters en ik bin der ien fan. It is moai dat wy op dizze side ús poëzij en tinken útdrage kinne.’

Fersen publisearre yn:
Oer it wetter op ’e weagen fan muzyk en poëzij, 2010
It grutte foarlêsboek, 2013
Ver Heen. Woorden gaan op reis, 2017

Ynstjoerde gedichten:
Thús (maaie 2018)

 

THUS

Hjir fiel ik my thús
krekt as in fûgel
yn de tekken fan greiden
de loften ûneinich fier
de mûne draait syn rûntsjes
as de wyn oanhellet
en de sinne sakket
op in moaie simmerdei

En as wolken grien reitsje
is fierte tichteby
tsjerkeklokken liede
as wy ôfskie nimme
de toer in beaken foar
wa’t it paad net fine kin
hjir is altyd immen
dy’t it dy wize wol

Wy reitsje mekoar net kwyt
op it trekpaad sjogge we
de wjerskyn fan de oar
yn it glinsterjende wetter

Mei in stap fansiden
meitsje we romte foar
minsken dy’t hurder kinne
begroetsje in nije dei

Grinzen kinne ferlein wurde
mar it klopjen fan dit hert
ús greidehert
hâldt net op

dat is der
dat bliuwt der
en sil der altyd wêze