Oane de Boer

Oane de Boer (Harns, 7 desimber 1968) is boeresoan en komt fan in pleats op Kie, in buorskip krekt ûnder Frjentsjer. Hjoed-de-dei wennet er yn de stêd sels. Yn 2014 is er begûn mei de hbû-oplieding ta learaar Frysk. Yn 2018 is er úteinset mei de oplieding Fryske Letterkunde oan ’e RUG yn Grins. As dichter debutearre er yn april 2018 mei it gedicht ‘Mâle achte’ yn Ensafh. Ein 2018 skreau er syn earste gedicht foar RIXT.

Ynstjoerde gedichten:
Hjelbeam

 

Hjelbeam

de wyn twirret
troch de helte fan dyn bestean
ik ha gjin eangst dat de beam
my ferjit
It Paradyske dûnset as
in weachje de soele
jûn ferdriuwt
de toer sjocht grutsk
by de slaggen dy’t de bongel
op skonken fan ljocht
efterlit