Jetze de Vries

Jetze de Vries wennet yn Harns. Hy is muzikant en skriuwt fersen, lietteksten, toanielteksten en ferhalen. Hy wurket as psychiatrysk rezjy-ferpleechkundige by GGZ Fryslân. No en dan wurket er gear mei dichter en byldzjend keunstner Elmar Kuiper. By harren gedichten makket Elmar koarte films en Jetze de muzyk. Fan 2010 ôf is er mei de dichters Albertina Soepboer, Wilco Berga en Sytse Jansma ien fan de organisatoaren fan ‘Poetry All-in’: in jierlikse poëzyjûn yn Harns wêrby ’t poëzy de ynteraksje mei muzyk en byld oangiet. Yn 2012 skreau er it muzykteaterstik De Fisk. Hy publisearret geregeld Frysk- en Nederlânsktalige fersen. Yn 2010 en 2011 wûn er in Rely Jorritsma-oanmoedigingspriis.

Ynstjoerde gedichten:
HT-Race (5 desimber 2017)
Sichtberens  (19 desimber 2017)
Frijlân (18 april 2018)
De kwetsberen (14 juny 2018)
Harns en syn waadsee (22 juny 2018)
Steuring (1 july 2018)

 

HT-RACE (frij nei Odysseus)

op in gleonhjitte foarjiersdei waard myn gesicht
diels bekuolle troch it wite himd
dat as flagge oan de mêst hong
oeral útsicht op see – de bare see
fan fierren hearde ik de kobben
wylst ik my hast neaken ûnder it opspatten
fan weagen beflybkje liet
roeiers fan de foarbykommende sloepen
ho hâlden en tsjin elkoar seinen
O die seun

© Jetze de Vries