Janneke Spoelstra

Foto: Gatske Kraak

Janneke Spoelstra (Hijum, 1962) debutearre yn 2004 mei de bondel Goeie is it wachtwurd. Yn 2011 kaam har twadde dichtbondel út, Langst fan ’e dagen. Yn 2015 wûn se in Rely Jorritsma-priis mei in gedicht. Se trede op rûnom yn Fryslân, en yn Malta en Ierlân. Fersen fan har binne oerset yn it Iersk, Ingelsk, Malteesk, Portugeesk en Spaansk. Se wie fan 2002 ôf redakteur fan Hjir, en sit yn ’e redaksje fan Ensafh. De bedoeling is dat har tredde dichtbondel febrewaris 2019 útkomt, as se Dichter fan ’e Moanne is.

Ynstjoerde gedichten:
Ljouwerteradiel is (3 jannewaris 2018)
Draaimûne (maaie 2018)

 

DRAAIMUNE

Twa boartersmaten sjoch ik
noch geregeld, de iene is no
yn Ecuador, se is op fakânsje,
de oare kin ik hast beroppe,
hij tinkt dat er oer twa wike
dea is, ‘ik bin net yn deselde
wrâld as jim’, sei er lêsten,
hij yt net mear, sliept net,

hij kin drokte amper mear
ferneare, en ik app mei
Ecuador, dat it net goed giet,
oft se him noch treffe sil, gjin
idee, mar dat app ik net, fansels
sit se dêroer yn, de kearende
app seit: ‘it is goed kut’,

en stjoert foto’s mei, se
binne my sa nei, oan beide
haw ik iere oantinkens, hij sit
by syn mem achterop by it stek
fan ’e kleuterskoalle, en
wij, krekt ynboargere, sizze
‘woansdeitemiddeis is er frij’

mar sels doe koe ik him al,
sij rint achter har susters oan
klompklepperjend nei de
legere skoalle, mar har koe
ik ek al, der hoecht gjin begjin
te wêzen en ek gjin ein, sei
Stephen Hawking, en ik googleje
wêr’t Ecuador krekt leit, de ierde

is in bol, ik wist it, mar it grypt
my oan as hear ik it foar it earst,
as ik op it skerm de ierde draaie
lit, as in draaimûne, de draaimûne
dy’t syn holle is, sûnt er heard
hat dat it net goed komt, de
draaimûne dêr’t wij yn sieten,

hij op in hynder, sij en ik
yn in bank, mei sa’n kleurige
bal oan in elastykje, út ’e
toutsjelûkerstinte, wij
sûnder ein, yn ’e draaimûne,
ljocht en skaad, as ik ynzoom