Jan Kooistra

Jan Kooistra is yn 1959 berne yn Wâlterwâld. Op it stuit wennet er yn Amsterdam en wurket er as dosint Nederlânsk yn Haarlem. Hy hat redakteur west fan it Frysk literêr tydskrift Hjir en fiif dichtbondels op syn namme. Yn 1981 ferskynde syn debútbondeltsje Ballads, in bibliofyle útjefte en yn 1984 syn earste, echte bondel De sulveren apels fan de moanne. De taal yn beide earste bondels is benammen it Wâldfrysk, de taal fan syn bertestreek. Yn 1992 ferskynde Dame fan myn dagen en yn 1998 Gershipper. Yn 2014 ferskynde syn lêste bondel Blues fan ‘e sângrûn by útjouwerij Wijdemeer.

Ynstjoerde gedichten:
Werom út Fryslân (maaie 2018)

 

WEROM UT FRYSLAN

en se seit: wat hast sjoen leafste
en ik sis: mûzefalken yn alle tinten
ljochtbrún, hazzenút, buffelkleur
op pealtsjes of parmantich yn it lân
en buordsjes met de hân beskreaun dy’t nei
pleatsen wize foar Bildstar of Irenes
en hekkelhûden stjerrend yn ‘e barmen,
meanmasines fan stynske weet en ferlitten
bougrûn mar minder kij as in moanne lyn
oh ja, en skiep, in hiel soad skiep
mei reade rêgen
reade? seit se, sichtber kjel wurdend
och, sis ik, ’t is niks, it wol sizze
dat it sie wer struid is en de dea
wer smoard is yn de kym
hè? seit se en ik sis: kom, wy geane
ik ha sin oan laam en geitetsiis