Jan Kleefstra

Jan Kleefstra hat meardere Frysk- en Nederlândstalige bondels útjûn by De Friese Pers en útjouwerij Aspekt. Dêrnjonken bringt er tegearre mei syn broer Romke al rom tsien jier yn ferskate ynternasjonale gearwurkingen muzyk- en filmreleases mei Fryske titels en Frysktalige poëzy út. Dy wurde oer de hiele wrâld útjûn. Gearwurkingen dêr’t sy mei yn binnen- en bûtenlân optrede. Jan en Romke binne ek belutsen by ferskate ynternasjonale projekten dêr’t de teloargong fan it libben yn it ekonomysk eksploitearre lânskip sintraal stiet. Dat is faak ek it tema fan syn minimalistyske en sobere poëzy. Foar folle mear, sjoch http://romkekleefstra.blogspot.nl

Ynstjoerde gedichten:
Blaas my noch in bytsje (maaie 2018)

 

Blaas my noch in bytsje libben yn

storein fliebyt my ta fabel fan de kjeld

hjir in deisume feart
dêr in langtrieddich liif

trou bleaun oan de mei roekefearren
fol stutsen sinne boppe in see fol iis

sa hat it ljocht my fûn

triuw my foar dy út
de skamte allinnich al