Oane de Boer (Harns, 7 desimber 1968) is boeresoan en komt fan in pleats op Kie, in buorskip krekt ûnder Frjentsjer. Hjoed-de-dei wennet er yn de stêd sels. Yn 2014 is er begûn mei de hbû-oplieding ta learaar Frysk. Yn 2018 is er úteinset mei de oplieding Fryske Letterkunde oan ’e RUG yn Grins. As dichter debutearre er yn april 2018 mei it gedicht ‘Mâle achte’ yn Ensafh. Ein 2018 skreau er syn earste gedicht foar RIXT.
Ynstjoerde gedichten:
Hjelbeam
Hjelbeam de wyn twirret troch de helte fan dyn bestean ik ha gjin eangst dat de beam my ferjit It Paradyske dûnset as in weachje de soele jûn ferdriuwt de toer sjocht grutsk by de slaggen dy’t de bongel op skonken fan ljocht efterlit