Henk Nijp

Henk Nijp (1954) is hikke en tein yn Ljouwert. Nei de Pedagogyske Akademy en de militêre tsjinst koe er by de twatalige basisskoalle yn Mantgum oan ‘e slach. Frysk leare waard doe urgint. ‘Dat slagge gelokkich goed. Ik bin al in moai skoft mei taal en poëzij dwaande.’ Yn 2016 wie Henk ien fan de Rely Jorritsmapriiswinners. Dêrnei folgen ferskate publikaasjes op de webside fan Ensafh. Yn de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd ferskynden ek gedichten, lykas yn Fers2. Hy skriuwt ek *Stjerkes (kursyfkes), dy’t gauris yn de Ljouwerter Krante steane. Sûnt begjin 2018 hat er in moanlikse ynternet-kollum op Ensafh.

Fierders hat er gedichten (mei eigen yllustraasjes) publisearre yn de sammelbondels Ver Heen en Vrij Uit, beide ferskynd yn 2017 by De Poëzieboom.

Ynstjoerde gedichten:
Wer bern (21 maaie 2018)
Mei it muzyk mei (6 juny 2018)
De wachter (22 juny 2018)
Royale Lúkse (17 augustus 2018)

 

WER BERN

Sân wurdt aanst wer waarm
stoot dan op ‘e nij
sil ús de skonken skjirje

wy laitsje werom nei weagen
wiuwe mei helmgers mei
turvje wynfearren boppe ús holle,
bin de tel al gau wer kwyt
– see ferdrinkt ús stekjes

dan bêdzje ik foar dy de brâning del,
mar wetter jout om sizzen neat
baas bin ik net of raas te hurd
do seist: lit mar gewurde …

wy kuierje de dunerige del
oer hurde ebberibbels hinne
werom troch fonken floed
de moaiste skulpen meie mei
tsjin gatten yn ‘t ûnthâld

earst nei pikefel en
nije eb jouwe wy ús ôf

oan de râne fan it strân
wiet-ferwurden sânkastielen