Geart Tigchelaar

Foto: Pieter Postma

Geart Tigchelaar is hikke en tein yn Damwâld, mar wennet no yn Harns. Njonken dichter is er skriuwer en oersetter. Yn 2017 wûn er de Tammingapriis foar syn poëzydebút Leech hert yn nij jek en de Obe Postmapriis yn 2016 foar de oersetting fan Bomans Erik of it lyts ynsekteboek. Op it stuit wurket er oan syn twadde roman, wêrnei’t er wer mei in nije dichtbondel úteinsette sil. Fierders is er redakteur fan it Frysk literêre tydskrift Ensafh, toerfytser en drummer yn ’e doommetalband Doomwâld.

Oer syn dielname oan RIXT: ‘It kollektyf sjoch ik om op in eigenwize en mienskiplike manier oer aktuele saken te dichtsjen.’

Ynstjoerde gedichten:
It ’s a problem, it ‘s  a problem (30 septimber 2017)
Eala Frya Fresena (6 oktober 2017)
The same for everyone (24 oktober 2017)
Alde LTS  (27 desimber 2017)
It wurd dat libbet op ‘e wyn (8 maart 2018)
Seit mem (30 maart 2018)
Fol gas! (3 april 2018)
Frijspul (18 april 2018)
Lit dy net ôfskrikke jonge (16 maaie 2018)
De switdrip (15 july 2018)
Kinst mar better dichter wêze (26 july 2018)

 

ALDE LTS

skjintme is in ding datst ferboelguodzje kinst
mar ek deagewoan stean litte
der sprute net allinnich moaie dingen
op út it grint op it platdak

dêr’t de ekster syn snaffel skerpet
en skel klinkt troch inkeld glês

hiest net tocht hen
hiest net tocht hen

ik doar der net efteroan
in held haw ik nea west
al sjocht elk dat it dak
my net mear hâlde sil

ideeën rôlje oer stikkene tegeltsjes
tusken latsjeblinen kypje plannen
kidelje útfierings mear as it buorfamke

om it skoalplein hinne
steane de finsters iepen
foar grutte berneholtsjes
is der no in oar plak yn 058