Fol gas!

3 april 2018
Ferline wike hat de NAM oankundige op te hâlden mei it boarjen yn Grins, mar in pear dagen letter kaam de njirre al út it gers wei krûpen dat se by Pitersyl fracke sille. Mar ek Skiermûntseach moat der al oan leauwe en aanst Ternaard. Der moat yn dizze tiden just net nei mear gas socht wurde mei nei oare alternativen. Geart Tigchelaar skreau der in gedicht oer.

FOL GAS!

kwestje fan dat keal en dy damme dobbe
mei tadraaide kraan dêr njonken ús

yn ’e kjeld sille se ús aldergelokst net
sitte wolle se sels op ferwaarme terras

wy stoke hjir net foar de protters
sakket wei yn oplutsen hege kragen

it folk seit moai en is skoftke stil
yn dy tiid fine hja skoan har gerak

by Pitersyl en by need it bûtelân
mei hannen wosken yn ûnskuld

wurdt der noch heliumheech pipe
wy ferracke gewoan troch juh

byn it bern oan wynmûne de Toekomst
snij it hânsum de kiel troch en raas

tink derom al mei drûge eagen
godferdomme it ding dyn útsicht

en it lân is net mear sa’t it moat

© Geart Tigchelaar