Aggie van der Meer

Aggie van der Meer (Boalsert, 1927) is de nestor ûnder de Fryske poëten. It begûn yn 2000 mei De stêd, it Bist, de Ingel. Goasse Brouwer fan Frysk en Frij joech it út en neamde it in ‘Balladeske’. Dêrnei neamde elkenien it in dichtbundel. De earste resensint tocht by it lêzen even oan Baudelaire, mar dat koe fansels net. De betizing is bleaun. Lykas de ynspiraasje. Utsein oare publikaasjes as romans binne der nei 2000 noch seis dichtbondels fan har ferskynd.

2002 – Hân oan ‘e muorre
2004 – Wachtsjen op it daagjen
2007 – It bern dat oer it wetter blaast
2012 – De sneinen
2014 – Tei-iizje/ Lok-azen (Frysk/Nederlânsk)

Ynstjoerde gedichten:
De Ljurk (13 septimber 2017)
Neam se ien foar ien (7 febrewaris 2018)
Winter 2018 (27 febrewaris 2018)

DE LJURK

Hokker bern ferlet hat fan in ljurk?
hoe soe er
mist er it sjongen
it bidden oant de himelsdoar?
hy hie de wurden net
hy soe it witte
as de ljurk werom kaam
dan soe er witte wat er mist hie
in oar gelok
no moat er tefreden wêze
mei de lange slingers guozzen
dy’t de loften fersiere
ek moai
mearkes skriuwe
ek gelok
oant de jager komt
nee, net dy fan de wolf
dy mei it gewear
se ite ús gers
as it gers der net wie?
soe er it suchtsjen hearre
it einleas suchtsjen fan de grûn
dat leaude er net.