Cornelis van der Wal

Cornelis van der Wal is berne te Ljouwert yn 1956. Nei omswalkingen yn Grins en Snits wennet er no wer yn syn berteplak. Van der Wal publisearre 7 reguliere dichtbondels, in blomlêzing en in novelle en wurket by Literêr Tydskrift Ensafh as einredakteur digitale edysje en as webmaster. Foar syn debút In nêst jonge magneten krige er yn 1993 de Fedde Schurerpriis.

Publikaasjes:
1992 – In nêst jonge magneten
1997 – Sinnestriel op it offermês
2003 – Subsydzje foar de graal
2004 – Skalder en it swurd
2005 – Zonderlinge kruising tussen aap en priester (blomlêzing, mei Nederlânske oersettingen)
2007 – Hûn oan ‘e himel
2008 – Kening Kees (novelle)
2011 – Kristus Pavlov
2016 – Wolf yn harnas

Ynstjoerde gedichten:
Diotima is dea (maaie 2018)
Hout en snie (21 novimber 2018)
In kultureel rondiel (28 novimber 2018)
Lilke mûne (19 desimber 2019)
De ynbrekker fan glês (augustus 2020)
De geast en de beam (augustus 2020)
Kristalûntfangers foar pake (25 oktober 2021)
It mantsje skriuwt in boek (31 oktober 2021)
Snie is in died fan ferset (19 maart 2022)
Wite huzen (29 april 2022)
Samar (29 april 2022)

 

DIOTIMA IS DEA

Swart rinne jim mei sletten eagen
Oer it hege rûge paad.
Better is it faaks en sit by nacht
Swijend yn it ljocht
Dat strielt út de eagen fan jins faam,
De leave. Dat kin lykwols net mear.
Myn wyfke is no in lyk yn in kiste.

Troch it finster fan ’e toer sjoch ik de minsken
bewegen, mar ik begryp net mear wat se wolle.