by de earstfolgjende krusing rjochtsôf

De útslach fan de Provinsjale Steateferkiezings wie de teloarstellende kant neist, fynt dichter Geart Tigchelaar. It fers dat earder op Ensafh stien hat, is dêrom hjir yn justjes wizige foarm opnommen.

 

by de earstfolgjende krusing rjochtsôf

de swolm mei gelokkige fiskjes swimt
him yn soppige ieren troch rotsjend fleis

dêr’t de poat op in gewillige krún lein wurdt
glimket it holtsje mei safolle tagedienens

skulfers út syn mouwen rûgelje rûnom
dêr’t er komt sjonge de muorren syn lof

de fiskjes lizze kwea kaviaar yn skroatum
roppich slikje wy ús fernoege om ’e mûlen

One Reply to “by de earstfolgjende krusing rjochtsôf”

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *