Easterwierrum

Hjir it gedicht dat RIXT-dichter Henk Nijp spesjaal skreau foar
Ús Festival yn Easterwierrum en juster by it festival foardroech. It
gedicht dat Aggie van der Meer foar itselde festival skreau en
foardroech, pleatse wy sa gau mooglik.

Foto: Udo Ockema

Easterwierrum

der leit in doarpke yn ’t grien tusken Aldfeart en de Dille
dêr kin’ de minsken mei-inoar in protte tille
in âld buert ienris yn ’e knipe, moast om rommer plak
de buorskip waard fertôge; balke, stien en allemans dak
iensum stiet dêr inkeld noch in toer, hy hâldt de wacht
oer doarp en pleats en hôf, by dei en yn ’e neare nacht

by ’t winter keal en grau; in huverige hoeke
yn ’e maitiid mei helder ljocht, it nije grien oan elke tûke
in paradys gelyk, mar hoesa foar ‘tevredenen en legen’?
de holle leech en rommer sicht, wa komt dat net gelegen …
even los fan sleur en waan, it aldendeisk rumoer
it bliuwt fan wearde, dat plak, it hôf en dy ‘âld toer’

oer Tsjerkebuorren werom nei ’t Altenburg- en Boersma-laach
dêr freegje: ‘fan wa bin’ jo ien?’ is wat in frjemde fraach
it antwurd leit al yn himsels besletten, is fan gjin belang,
it is al jierrenlang itselde en bliuwt dat grif noch iuwenlang
want folk is hjir honkfêst, fergroeid mei grûn en loft en freon
hjir giet men foar de neiste troch it fjoer, al lôget dat ek gleon

gjin ûntkommen is der oan, Do Komst! sûnder dy kin’ wy net begjinne
keatse, korps, toaniel, it koar, simmerdeis de merke; dêr móatst hinne
de escape-room, kaarte by de soos, biljerte, Rutgers yoga en it berne-iepenloft,
fertier by ’t soad; it liket wol as hjir de boel ûntploft!
Mar yn ’e smûke pluktún oan de Swette ûnder ’t skaadzjend beamtegrien
ha jo kar út swellen, griente, rêst en blomkeguod fan afrikaan oant balsemyn

Hynstewaad, Tysker, Fôlefinne nammen dy’t wat de rook ha fan histoarje
– al hawwe tiden tiden- stiet it doarp der altyd noch yn folle gloarje
mar fan ’t fossile moatte wy no hast wol ôf, sa wie de redenaasje
sa rint men hjir no enerzjyk foar de troepen út mei EKE, ús koöperaasje
ynkoarten op elk gebou en hûs noch sa’n swart panielen dak
dan hellet Easterwierrum it jier 2040 mei gemak

mar de Mounestrjitte sûnder mûne, in leech kafee, tsjerke gjin pastoar,
de smid hat inkeld noch in etalaazje, dochs Bootsma hâldt noch kantoar
en Sypersma’s garaazje…; no mei wasserette anneks poetsgelegenheid!
Ids lasket benei de fonken út ’e klompen, brûst fan kreativiteit
sa as it tsjerkebier aanst skommet oer de glêzen, wurdt hjir it libben libbe
it doarp, de minsken foar en mei-inoar, sa tige nau besibbe…

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *